Ûntwerp Omjouwingsferoardening foar ynsjen

It ûntwerp fan de provinsjale Omjouwingsferfoardening is hjoed troch Deputearre Steaten fêststeld. Yn in Omjouwingsferoardening stean rigels foar de fysike wenomjouwing. Fryske gemeenten ferwurkje de rigels yn harren eigen Omjouwingsplannen.

It ûntwerp fan de Omjouwingsferoardening leit fan 1 maart oant 12 april 2021 foar ynsjen. “We zijn benieuwd naar de reacties van burgers en organisaties”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

De Omjouwingsferoardening ferfangt ferskate feroardeningen: de Wegen- en Farwegenferoardening, Miljeuferoardening, de Ferordening Wet- en Natoerbeskerming, de Wetterferoardening en de hjoeddeistige Feroardening Romte. Oer it ûntwerp is oerlis west mei it Wetterskip en de Fryske gemeenten.

Wat is der nij yn de Omjouwingsferoardening?

De measte rigels út de aktuele feroardeningen bliuwe fan krêft. De nije Omjouwingswet en de Omjouwingsfyzje hawwe op guon punten laat ta oanpassings. Foarbylden fan feroaringen:

a Útwreiding bedriuwen yn it lanlik gebiet
Yn de Feroardening Romte mocht in net-agrarysk bedriuw yn lanlik gebied maksimaal 50% útwreidzje. Dat bliuwt de basis. In útwreiding fan mear as 50% is mooglik as de ûntjouwing in bydrage leveret oan oare opjeften en ambysjes. Tink dêrby oan: herstel bioferskaat, enerzjytransysje, klimaatadaptaasje, sirkulêre ekonomy, wurkgelegenheid of lânskipsfersterking.

b Húsfesting seizoenwurkers
De ûntwerp Untjouwingsferoardening makket it mooglik dat fakânsjeparken dy ’t net mear passe by de toeristyske merk, omsetten wurde foar bewenning troch arbeidsmigranten. Besjoch dizze link foar mear ynformaasje.

c Greidefûgelbeskerming
Der is in Greidefûgelkânsekaart mei Greidefûgelkâns-gebieten (Nota Greigefûgels 2014-2020). Yn de perioade fan 1 febrewaris oant en mei 31 july moatte boeren yn dizze gebieten foar’t hja oan wurk op it lân begjinne in ynventarisaasje meitsje litte nei de oanwêzichheid fan nêsten fan greidefûgels. Dizze “registraasje” moat by wurksumheden op it lân toand wurde kinne oan autorisearre tafersjoch.

Ferfolch Untwerp Omjouwingsferoardening

Fanôf 13 april ferwurkje wy de reaksjes en passe wy de Omjouwingsferoardening op ûnderdielen oan. Dêrnei folget beslútfoarming troch Deputearre en Provinsjale Steaten.

Pagina opties