Undernimme yn koroanatiid: Sander Metz

Ek foar Fryslân wie 2020 in nuver jier, dêr’t alles yn op ‘e kop stie. Elts moast him oanpasse. De Fryske ûndernimmers litte har der net samar ûnder krije en waarden hiel kreatyf.

Sander Metz met een gitaar spelend voor een huis en een kerkTrije jier lyn sei muzikant Sander Metz syn baan yn de soarch op om syn fokus nei de muzyk te ferskowen. Hy is sjonger en gitarist fan de band Van Geeft ‘M, dirigint fan in koar en muzykagooch yn meardere ferpleechhuzen. Mar dan slacht it koroanafirus ta. ‘Al myn muzikale wurksumheden foelen stil. Ik soe it ôfrûne jier 175 kear optrede. It is no desimber en ik ha mar fjouwer kear mei myn band spylje kind. Dochs ha ik nea tocht: it komt net goed.’

In hert ûnder de riem

Tsjin de tiid dat Nederlân te meitsjen kriget mei de earste weach beslút Sander de bewenners en it personiel fan ferpleechhuzen in hert ûnder de riem te stekken troch bûtenoptredens te jaan. Der ûntsteane in soad inisjativen troch organisaasjes dy’t de kultuersektor stypje. Sander krijt subsydzje om mear bûtenoptredens te fersoargjen. Omrop Fryslân freget him om te floggen, en dat makket him sichtber en smyt him mear boekingen foar optredens op. ‘It wie de iennige manier om noch mei muzyk dwaande te wêzen.’

Beppe

De passy foar muzyk krijt hy mei fan syn beppe. 'Alle sneinen gie ik nei har ta. Dan pakte se har harmoanika út it boppeste laadsje fan de kast en spile se foar my. Ik harke fassinearre en woe dat ek graach kinne.’

De taal die’t elkenien ferstiet

Sander sjocht muzyk as in universele taal. ‘Minsken kinne efkes harren sykte of soargen ferjitte. Efkes de sinnen fersette. Muzyk bringt oantinkens boppe en helpt emoasjes te ferwurkjen. Ast no jong bist of âld; it is in taal dy’t elkenien ferstiet.’

Pagina opties