Tredde faze werynrjochting Alde Feanen yn útfiering

It lêste diselgemaal fan Fryslân waard op freed 4 septimber noch ien kear oansetten.

De ear wie oan bestjoerders Douwe Hoogland (provinsje Fryslân), Jan van Weperen (Wetterskip Fryslân), Jeltje van der Meer – Kooistra (It Fryske Gea) en Aaltje Rispens (Gebietskommisje). Mei dy hanneling waard tagelyk it úteinsetten fan de tredde faze fan de werynrjochting Alde Feanen markearre. De ynrjochting fan natuer foar Natuurnetwerk Nederland en Natura 2000 en maatregels foar rekreaasje stiet dêrby sintraal.

Fan ‘e hjerst begjint de tredde faze mei it opknappen fan acht kilometer oan kearingen fan de simmerpolders oan de westkant fan de Alde Feanen. Der komt in stik natuerfreonlike wâlskant en de wetterhúshâlding yn de polders wurdt ferbettere. In bettere oan- en ôffier fan wetter yn de polder soarget der aanst foar dat blaugerzen en krûderike gerslannen harren better ûntwikkelje kinne. Ek soarten as de skries, hoants en ferskate fisksoarten profitearje dêrfan. Ek wurdt it âlde diselgemaal by polder de Wyldlannen ferfongen foar in duorsume fariant. Fisken kinne fan de Fryske boezem nei de polder swimme om te ridzjen en wer feilich werom fia it fiskfreonlike gemaal.

Fan 2021 ôf binne de gebieten súdeastlik fan de Alde Feanen oan bar. Dêr giet it wetterpeil omheech om de ûntwikkeling fan feanmoasreidlân te stimulearjen. Foar in diel bliuwe perselen drûger, wêrtroch’t de ôfwikseling tusken gerslân, moeras en tichte reidfjilden bestean bliuwt. In noflik plak foar kwetsbere soarten lykas de Noardske wrotmûs en it bûnt reidhintsje. Ek komt by de Wolwarren in faunatunnel sadat otters en oare lytse bisten feilich fan de Fryske boezem nei in oar natuergebiet komme kinne. Yn in diel fan de Westersanning wurde sleatten ferbrede, in poel groeven en grûn dy’t leech leit ophege. Dat stimulearret de ûntwikkeling fan krûderyk gerslân mei plassen. Wetterfûgels en greidefûgels lykas it waarlamke binne gek op sokke gebieten.

Kuierrûte en strantsje

Fan de Headambrêge ôf komt in nij kuierpaad nei Brêgeham. Dy rint lâns de Jan Durkspolder en de nije fûgelsjochhut. Ek wurde inkele kanorûtes en farrûtes foar lytse rekreaasjefeart opknapt. In diel fan de sânwinplasse Panhuyspoel wurdt oer inkele jierren in rekreaasjestrantsje mei fisksteger. Tusken de Feantersdyk en it Nonnepaed komt in nije kuierrûte.

Werynrjochting Alde Feanen

De gebietskommisje Alde Feanen wurket yn opdracht fan de provinsje Fryslân en yn ‘e mande mei It Fryske Gea, Wetterskip Fryslân en de gemeenten Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Ljouwert oan plannen foar de Alde Feanen. De kommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan lânbou, natuer, wetter en rekreaasje út de streek.

Pagina opties