Tolve gadingmakkers foar Smellingerlân

Op 'e funksje fan boargemaster fan Smellingerlân hawwe tolve minsken sollisitearre. Fan de njoggen manlju en trije froulju is der ien jonger as fyftich jier. Mear as de helte fan de kandidaten is lid fan de VVD (4) of it CDA (3).

De oare fiif gadingmakkers binne lid fan D66 (2) of PvdA (1) of fan gjin inkelde partij (2). By de foarige boargemastersproseduere foar Smellingerlân yn 2012 wiene der tweintich sollisitanten.

De boargemasterspost yn Smellingerlân kaam oardel jier ferlyn frij nei it fuortgean fan Tjeerd van Bekkum. Hy gie oan de slach as direkteur fan de stifting Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Tom van Mourik folge de hear Van Bekkum tydlik op as waarnimmend boargemaster.

Mei it beslút om de fakatuere iepen te stellen, is wachte oant nei de gemeenteriedsferkiezingen fan ferline jier en it ynwurkjen fan de nije ried en it kolleezje.

Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok ferwachtet dat de nije boargemaster ein maart oantrede sil. De hear Van Mourik bliuwt oant begjin maart oan as waarnimmend boargemaster.

De kommissaris hat nei petearen mei kandidaten in seleksje út de gadingmakkers makke en dêr tongersdei oer oerlein mei de gemeentlike fertrouwenskommisje. Dy kriget alle sollisitaasjebrieven te sjen. De kommisje praat mei de selektearre kandidaten en bringt ferslach út oan de gemeenteried, foarsjoen fan in konseptoanrikkemandearring.

De ried beslút hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme te stean en yn hokker folchoarder. De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en de ministerrie folgje yn 'e foardracht oan de Kroan yn begjinsel de oanbefelling fan de ried. De Kroan beneamt de nije boargemaster by Keninklik Beslút.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.