Tiisdei FIT-test foar brêge Burgumerdaam

Tiisdei 12 novimber fiert provinsje Fryslân mei Rykswettersteat testen út oan de brêge Burgumerdaam. De saneamde FIT-test (Functionele Inspectie en Testen) is tusken 8.00 en 17.00 oere. De brêge kin dêrtroch tusken dy tiden faker of wat langer as wenstich iepen stean.

De FIT-test wurdt útfierd om fêst te stellen hoe ‘fit’ de brêge op it stuit is. Tiisdei wurde alle ûnderdielen fan de brêge goed besjoen en beoardiele. Fan de measte testen sil de brûker neat fernimme. Allinne wannear’t de oandriuwing test wurdt kin de brêge faker en langer as wenstich iepen stean. It ferkear oer dyk moat dêrtroch soms wat langer wachtsje. De skipfeart sil der in bytsje of gjin lêst fan hawwe. Rykswettersteat en de provinsje Fryslân stribje dernei om oerlêst safolle mooglik foar te kommen.

Pagina opties