Subsydzje foar húsdokters yn Fryslân

Dit bericht is niet meer actueel

Húsdokters kinne subsydzje oanfreegje foar it ferbouwen fan besteande of de bou fan nije praktiken yn Fryslân. Dêrfoar is € 325.000,-- beskikber.

De provinsje wol dêrmei bydrage oan it fuortbestean fan de soarch troch húsdokters yn Fryslân. De subsydzjeregeling stiet op www.fryslan.frl under subsidieregeling huisartsenpraktijk Fryslân.

Húsdokters kinne subsydzje oanfreegje foar it ynhieren fan in eksterne adviseur dy’t by it opstellen fan in fêstgoed- of húsfêstingsplan helpt. Ek is it subsydzje ynsetber foar de (fer)boukosten fan besteande of nije húsdokterspraktiken. De oanfreegjende húsdokter  moat wol yn de provinsje Fryslân fêstige wêze of him/har binnen twa jier yn de provinsje fêstigje wolle. De krekte betingsten steane op subsidieregeling huisartsenpraktijk Fryslân.

De subsydzjeregeling giet fan 30 septimber oant en mei 3 desimber 2019 iepen. In oanfraach freget in soad foarwurk fan in húsdokter, dêrom meitsje wy de regeling no al bekend. It ynhieren fan in eksterne adviseur is mooglik oant it subsydzjeplafond berikt is of oant uterlik 1 juny 2021. De subsydzjeregeling húsdokterspraktyk Fryslân stiet op www.fryslan.frl under subsidieregeling huisartsenpraktijk Fryslân.

11huisartsen

De soarch fan húsdokters yn Fryslân stiet ûnder druk. It tal húsdokters sakket en it docht bliken dat it dreech is nije húsdokters te finen. Yn ûnder oare Ljouwert liedt dat al ta soarchlike situaasjes. De provinsje Fryslân en de Friese Huisartsen Vereniging setten dêrom ferline jier mei de kampanje 11huisartsen útein. Dêrmei wolle se jonge húsdokters waarm meitsje foar in praktyk yn ien fan de Fryske doarpen of stêden. Se wize op de mooglikheden en foardielen fan in húsdokterskarriêre yn Fryslân. De kampanje levere oant no ta 15 potinsjele kandidaten op.

Pagina opties