Subsydzje foar 10 projekten oer 75 jier frijheid

Tsien projekten út Fryslân oer de 75-jierrige frijheid krije subsydzje fan de provinsje. Yn totaal krije sy 400.000 euro út de subsydzjeregeling ’75 jier frijheid Fryslân’. De projekten stean stil by wat der yn de oarloch bard is en fiere de frijheid dy’t wy takom jier 75 jier kenne.

Ien fan de projekten dy’t subsydzje krije, is ‘De terugkeer van de Joodse kinderen’. 210 Joadske bern dy’t yn 1942 en 1943 út Amsterdam nei Fryslân smokkele waarden, wurde, foar safier’t sy noch libje, útnûge om noch in kear nei Fryslân te kommen. Om de oarloch de betinken en de frijheid te fieren.

Vfonds

Ek it vfonds ynvestearret yn de fiering en betinking fan 75 jier frijheid yn Fryslân. It vfonds stiet foar it Nationaal Fonds voor Vrede, Vrijheid en Veteranenzorg. It vfonds stelt 500.000 euro beskikber. Dit is 23 septimber fêstlein yn in yntinsjeferklearring, dy’t mei ûndertekene is troch Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok. Inisjatyfnimmers fan projekten yn Fryslân kinne sels in oanfraach yntsjinje by it vfonds. Yn desimber beslút de Rie fan Bestjoer oer de oanfragen.

Lês hjir in oersjoch fan de projekten dy’t subsydzje krije fan de provinsje

Pagina opties