Sterke Yerke IV wint LF2028-priis

Stifting Behâld Erfgoed Sterke Yerke bout yn ’e mande mei jongeren in nij sylflot, de Sterke Yerke IV. It doel is om in nulmjitting te dwaan nei mikroplestiks yn ’e Waadsee en soks de kommende jierren te monitoarjen.

Dêrnjonken wol de stifting it bewust-wurden fergrutsje fan it fraachstik fan ’e ynternasjonale ‘plastic soup’. It projekt waard as winner keazen fan ’e LF2028-boanuspriis foar it Waad. Deputearre Avine Fokkens-Kelder oerlange juster de sjek fan 2028 euro oan ’e bestjoersleden Margreet Themmen en Wilfred de Jong.

Sterke Yerke

It ferhaal efter de Sterke Yerke sprekt al jierren ta de ferbylding. De “Yerkes” fan doe wolle no it stokje trochjaan oan ’e jongerein fan no. Yn dit projekt wurdt de jongerein dan ek op ’en nausten behelle. Sawol by it bouwen fan it flot, yn ’e foarm fan staazjeplakken, as ek by it farren op see en it dwaan fan ûndersyk. Tink dêrby oan ploechjes learlingen dy’t ûnder begelieding in dei mei it flot de Waadsee op geane en op drûchfallen sânbanken sels ûndersyk dogge. De misje is om it fraachstik fan ’e ‘plastic soup’ yn ’e hiele wrâld yn it omtinken te bringen by de polityk, produsinten en de befolking. Mei it flot kreëarret Sterke Yerke sawol bewustwurden as aksje. Dêrnjonken ynformearje en aktivearje de “Yerkes” de neamde doelgroepen om tenei minder plestik te brûken.

Deputearre Fokkens-Kelder: In terjochte priiswinner. It projekt makket jongerein op in oansprekkende wize bewust fan it fraachstik fan (mikro)plestiks yn it Waad en fan ús konsumpsjegedrach as ien fan ’e efterlizzende oarsaken.”

LF2028-priis

De LF2028-priis is in oanmoedigingspriis dy’t út it Iepen Mienskipsfûns yn ’e mande mei LF2028 wei opset is. De provinsje achtet it wichtich, dat de ambysjes fan LF2028 ‘oerset’ wurde troch en foar de mienskip. Met dizze boanuspriis kin soks troch middel fan bysûndere IMF-projekten lykas ditte, ekstra stimulearre wurde. Ut ’e selektearre projekten fan ’e oare fjouwer regio’s hat de sjuery allyksa priiswinners keazen. Sy krije ek in bedrach fan 2028 euro. Hokker projekten oft dat binne, is te lêzen yn it taheakke sjueryrapport. De sjueryleden binne Immie Jonkman, direkteur fan Arcadia (LF2028), en Judith Baarsma fan Keunstwurk. Mei-inoar krije alle jierren fyftjin inisjatyfnimmers fan IMF-projekten de LF2028-priis.

Del te laden:

Pagina opties