Start briedseizoen: in b(l)oeiend Fryslân foar de greidefûgels

Op syn minst 100 hektare nije blom- en krûderike greiderânen yn Fryslân. Dat is fan ‘t jier it doel fan de kampanje Grutsk op ús Greidefûgels. Want in bloeiende agraryske natuer is goed foar ús greidefûgels. Njoggen partijen* komme mei-inoar yn aksje om greidefûgels yn ús Fryske lânskip te beskermjen. Op de pleats fan famylje Tjeerdsma op ‘e Feanhoop freegje sy oandacht foar it begjin fan it briedseizoen.
 


Foto: flnr: Frans Kloosterman (foarsitter BFVW), Peet Sterkenburgh (LTO-Noord) en deputearre Johannes Kramer (provincie Fryslân)

Dizze moanne krije alle boeren yn Fryslân it magazine Grutsk op ús Greidefûgels. Dêryn dogge de partijen de oprop om greiderânen yn te siedzjen mei in blom- en krûderyk gersmingsel. De earste hûndert boeren dy't harren melde, krije 8 kilogram fan it gersmingsel fergees thús stjoerd. Dêrmei kinne se in hektare greiderânen trochsiedzje. Dêrneist krije alle boeren 20% koarting op harren bestelling fan blom- en krûderyk gersmingsel as se dy fia Grutsk op ús Greidefûgels pleatse. Op nei in bloeiend Fryslân! Want in bloeiend Fryslân is in boeiend Fryslân!

Blom- en krûderike greiderânen

Blom- en krûderike greiderânen leverje in ryk ynsektelibben op. De bloeiende greiderânen binne goed foar de jonge greidefûgelpykjes. Sy fine dêr har iten en kinne der skûlje tsjin rôvers. De wil is der by boeren om krûderike greiden yn de bedriuwsfiering yn te passen. Mar it feitlik tapassen dêrfan is in folgjende stap. Mei de aksje fan Grutsk op ús Greidefûgels, besykje de partijen in triuwke yn de goede rjochting te jaan. Soarchplicht betsjut neffens de partijen ek dat jo as boer soargje dat de greidefûgels it op it boerelân goed hawwe. Dus it b(l)oeiend meitsjen fan it Fryske lânskip foar de greidefûgels.

Soarchplicht

Op grûn fan de wet natuerbeskerming hawwe boeren in soarchplicht foar greidefûgels. De provinsje moat dêrop tasjen. Boeren binne ferplichte om foarôfgeand oan it wurk op it lân maatregels te nimmen om neidielige gefolgen foar greidefûgels foar te kommen. Dat betsjut dat se foarôf witte moatte wêr’t de nêsten lizze of wêr’t de pykjes yn it lân sitte. De pleatslike fûgelwacht kin dêrby helpe. Net alle boeren en leanwurkers binne bekend mei dy soarchplicht. Dêrom freegje de partijen it kommende briedseizoen op ferskillende mominten omtinken foar it beskermjen fan de greidefûgels.

Mear ynformaasje op https://grutskopusgreidefugels.nl/

* De njoggen partijen binne: Bûn Fryske Fûgelwachten, LTO-Noord, Provinsje Fryslân, Agraryske Jongeren Fryslân (AJF), Kollektivenberied Fryslân, Cumela, Federaasje Particulier Grondbezit, Nordwin Kolleezje en Van Hall Larenstein.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.