Slûs Koarnwertersân wurdt breder

It beslút om de slûs Koarnwertersân breder te meitsjen en de brêgen te fernijen is nommen. Dat hat minister Van Nieuwenhuizen hjoed bekend makke. Foar dit projekt is jierrenlang troch ûndernimmers, gemeenten en provinsjes lobbyd.

Mei de realisaasje wurdt in ympuls jûn oan de ekonomyske aktiviteiten om de Iselmar hinne en oant fier yn it efterlân. Bedriuwen sille foar mear as 100 miljoen ynvestearje yn nije en útwreiding fan besteande aktiviteiten. Dêrmei wurde yn de kommende jierren oant 3000 nije banen kreëarre. Ek jout it projekt in ympuls oan it duorsumer meitsjen fan ferfiersstreamen troch mear ferfier oer it wetter yn stee fan oer de dyk.

Deputearre Klaas Kielstra út namme fan Fryslân, Overijsel en Flevoland: ‘Ik bin grutsk op dit resultaat. Yn ‘e mande mei minister Van Nieuwenhuizen, de Twadde Keamer, alle oare oerheden en it bedriuwslibben hawwe wy hiel hurd oan dit resultaat wurke. Dit sukses hawwe wy mei-inoar berikt. It betsjut in grutte en duorsume ympuls foar al dy bedriuwen om de Iselmar hinne en dêrmei foar de ekonomy en de wurkgelegenheid yn de Iselmarregio.’

It breder meitsjen fan de slûs en Koarnwertersân en it fernijen fan de byhearrende brêgen kostet 215 miljoen euro. Regionale oerheden en it bedriuwslibben betelje mei oan it projekt. De planning is dat it folsleine projekt uterlik yn 2026 klear is.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.