Sirkulêre ambysjes útdrukt yn ûntwerp nije sintrale brêgebetsjinning

Folslein enerzjyneutraal en foar in grut part sirkulêr. Sa lit de provinsje Fryslân yn Ljouwert it nije Swettehûs bouwe. Dy sintrale foar de brêgebetsjinning sil yn de takomst fjirtich brêgen betsjinje. Fan ‘e middei waard it ûntwerp presintearre. Bouwgroep Dijkstra Draisma set yn novimber mei de bou útein, ein takom jier is it klear.

De provinsje wol in sa sirkulêr mooglik gebou realisearje. Dat betsjut ûnder oare dat op syn minst 40% út op ‘en nij brûkt materiaal bestiet en in part fan de nije materialen biologysk is. “Fantastysk dat wy mei dit ûntwerp ús ambysje om koprinner yn de sirkulêre ekonomy te wurden sichtber meitsje kinne. De kennisûntwikkeling is geweldich grut en it wurdt in prachtich gebou om yn te wurkjen”, neffens deputearre Avine Fokkens-Kelder.

“Dit wurdt ien fan de meast sirkulêre gebouwen fan Fryslân en nei alle gedachten fan hiel Nederlân”, seit Biense Dijkstra, direkteur Bouwgroep Dijkstra Draisma. “Wy hawwe der sin oan om dit ynnovative en ambisjeuze projekt te bouwen”, neffens Dijkstra.

Dit een geanimeerde afbeelding van het nieuwe Swettehûs. Een vierkant stenen gebouw met een soort hals en daar bovenop een vierkante houten constructie en een meertje voor het gebouw.

Neist  in wurkplak foar likernôch 20 brêgewippers, is it nije gebou en terrein aanst de útfalsbasis foar provinsjale meiwurkers (far)wegebehear, nautyske saken en technyske tsjinst foar ûnderhâld fan brêgen en slûzen. Damwanden út it Van Harinxmakanaal krije in twadde libben yn de haven foar de wurkskippen. Brûkte mearpeallen wurde tapast foar de konstruksje, de gevel en de plafonds. Dat tige sterke hurdhout ûnderstreket it nautyske karakter fan it gebou. Ynnovative waarmtewikselers yn it Van Harinxmakanaal helje waarmte/kjeld út it oerflaktewetter en soargje dêrmei foar ferwaarming/ôfkuolling fan it gebou (akwatermy). Waarmte fan de kompjûterservers fan de betsjinsintrale giet tydlik yn opslach en kin op in letter stuit it gebou ferwaarmje. Goed 1.000 sinnepanielen leverje genôch enerzjy foar it gebou, it iepenjen/sluten fan de fytsbrêge Ritsumasyl en foar de laadpeallen foar elektryske auto’s.

Pagina opties