Rom 2,7 miljoen euro foar natuer en rekreaasje yn Alde Feanen

Der is rom 2,7 miljoen euro beskikber foar de werynrjochting fan de Alde Feanen. De provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, gemeente Smellingerlân, Gemeente Tytsjerksteradiel en It Fryske Gea drage hjir oan by.

Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân stelde op 4 juny 2019 de tredde útfieringsmodule fêst. Der wurdt 450 hektare besteande natuer opknapt en der komt 135 hektare nije natuer. It giet om de healânpolders oan de westside en de mear iepen gerslannen en feangebieten oan de eastside fan de Alde Feanen. De sânwinplasse Panhuyspoel kriget njonken de sânwinning in rekreative funksje troch de oanlis fan in strantsje, fisksteger en kuierpaden.

Fan 14 jannewaris oant ‘e mei 25 febrewaris 2019 lei it ûntwerp fan de tredde útfieringsmodule ta ynsjen. Yn totaal krigen Deputearre Steaten fyftjin sjochswizen binnen. Dêrút folgen in pear wizigingen yn it ynrjochtingsplan. Sa bliuwt bygelyks de kanorûte dy’t parallel rint oan de Headamsleat bestean, lykas it súdlike oerstapplak.

Oan de slach foar natuer en rekreaasje

De Alde Feanen is ûnderdiel fan it Natura 2000-netwurk en Natuernetwurk Nederlân (eartiids bekend as de EHS). Der libje tal fan bysûndere en kwetsbere plante- en bistesoarten, lykas de otter en noardske wrotmûs. Troch nije natuer yn te rjochtsjen en te fersterkjen yn de Wyldlannen, Laban, Polder Grondsma en Twa-Sân-Mêden oan de westside, en de Westersanning, Barfjild, Brêgeham, de Wolwarren en in tal boezemlantsjes oan de eastkant fan de Alde Feanen, ûntstiet der in noflik libbensgebiet foar dizze soarten.

Ta noardeasten fan Earnewâld wurde besteande farrûtes ferbettere. Ek it opstapplak foar kano’s by gemaal Offerhaus kriget in opknapbeurt. Fierder komt der in nij útsjochplak fan It Fryske Gea by de Jan Durkspolder en komme der nije kuierpaden.

Gearwurking

De Gebietskommisje Alde Feanen bestiet út fertsjintwurdigers út de streek en wurket yn opdracht fan de provinsje Fryslân oan de werynrjochting fan de Alde Feanen. Dit dogge sy yn ’e mande mei It Fryske Gea, Wetterskip Fryslân en gemeenten Tytsjerksteradiel, Smellingerlân en Ljouwert. De útfiering stiet pland fan 2019 oant ‘e mei 2022. Mear ynformaasje oer de werynrjochting fan de Alde Feanen op www.fryslan.frl/gebiedsontwikkeling.

Overicht Jan DurkPolder en Westersanning

Links is de Jan Durkspolder te sjen en yn it midden de Westersanning: twa gebieten dêr ’t wy oan it wurk gean.
Foto: Brandhof Natuur en Platteland, i.o.v. It Fryske Gea.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.