Regio Deal Natoerynklusive lânbou makket wurk fan in fitaal plattelân

Dit bericht is niet meer actueel

In goeie balâns tusken lânbou, natuer en omjouwing fan de leefberens. Dêr sille de trije noardlike provinsjes harren de kommende fjouwer jier meiïnoar ekstra foar ynsette. Tegearre mei de agrariërs, lânboupartners, grûneigeners, kennisynstellingen en maatskiplike organisaasjes.

Troch yn acht gebieden winsken en aksjeplannen op te stellen en letter yn de praktyk, ynstruminten en wurkwizen te ûntwikkeljen dy’t natoerynklusyf buorkjen oantreklik en rendabel meitsje. De kolleezjes en it Ryk gongen akkoart mei de ‘Regio Deal Natuurinclusieve Landbouw’. De provinsjes ynvestearje mei inoar € 10,- miljoen. It Ryk stelt lyksa € 10 miljoen beskikber.

De lânbou ûndergie de lêste 50 jier in stalferwikseling. Fan lytsskalich, regionaal en ekstinsyf, nei grutskalich, ynternasjonaal en yntinsyf. Nederlân ûntwikkele harren ta ien fan de belangrykste spilers op de itensmerk. De foarútgong paste lykwols wol foar minder fruchtberens fan de grûn, bioferskaat en fariaasje yn it lânskip. Henk Staghouwer, deputearre provinsje Grins: “Mei de Regio Deal jouwe wy in flinke ekstra ympuls oan it ferduorsumen fan de sektor, mei positive effekten foar bioferskaat en lânskip, mar ek mei in goed stik brea foar de boer”.

Fan burokrasy nei it hiem fan de boer

Yn de útfiering fan de Regio Deal is it mei klam de bedoeling fan de provinsjes om de rezjy hjirfan yn it fjild del te lizzen. Johannes Kramer, deputearre fan de provinsje Fryslân: “Wy hawwe goeie plannen. No is it fan belang de slach op it hiem te meitsjen. Fan burokrasy nei it hiem fan de boer. Ferskate partijen ha ûnderwilens al oanjûn dat se graach sawol sels in rol spylje wolle as spil tusken de agrariërs as de oerheid.

Foarbyld foar de rest fan Nederlân

De Regio Deal Natoerynklusive lânbou giet út fan in oanpak rjochte op acht gebieten. Dizze ferskille sterk fan inoar ferskille en  binne represintatyf binne foar soarte fan grûn, wetterhúshâlding en grûngebrûk yn Nederlân. Sa kin de opdiene kennis ek yn de provinsjes brûkt wurde. Henk Jumelet, deputearre provinsje Drinte: “Ek dizze Regio Deal lit sjen dat wy yn it noarden de hannen yn elkoar slaan. Meiïnoar kinne wy in foarbyld wêze foar de rest fan Nederlân troch gear te wurkjen oan oplossingen dy’t bydrage oan de balâns tusken ekonomy en ekology”. De Regio Deal draacht by oan ta stân bringen fan it ‘Kwaliteitsbeeld 2030’ fan de AgraAgenda Noard Nederlân.

Foarbyldprojekten

Yn it noarden rinne al projekten wêr’t we fan leare kinne. Derom stipet de Regio Deal foarútrinnend oan it opstellen fan bylden en aksjeplannen, sân foarbyldprojekten. It giet om ferskillende ûnderwerpen, lykas in bioferskaatmonitor foar bou, in omrinwizer foar sirkulêre lânbou, de ûntwikkeling fan fertsjinmodellen en ferduorsumjen fan melkfeehâlderij.

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.