Omjouwingsfisy Fryslân: puzelje yn‘e romte

Klimaatbestindich ynrjochtsje, de omslach nei duorsume enerzjy, it fersterkjen fan bioferskaat en behâld fan leefberens yn Fryslân: fjouwer grutte opjêften dy’t in soad romte freegje en dêr’t no alles op alles foar set wurde moat om yn Fryslân mei-inoar oplossings te finen.

Yn de Ûntwerp-Omjouwingsfisy De romte diele stiet hoe’t de provinsje Fryslân dat oanpakke wol.

Yn de Omjouwingsfisy Fryslân steane de provinsjale doelen foar it hiele fysike omjouwing yn gearhing beskreaun. Enerzjysúnige húzen, ynnovative foarmen fan iepenbier ferfier, sinnepanielen, sirkulêre ekonomy, sterkere diken, nije libbensgebieten foar planten en bisten: it brûken fan romte feroaret troch de hjoeddeistige enerzjy- en klimaatfraachstikken. Útdaging is om nije ûntwikkelings op in tûke manier by de besteande kwaliteiten fan Fryslân oanslúte te litten.

Maatwurk

Ynwenners nimme faker sels it inisjatyf om harren leeffermidden te ferbetterjen. De provinsje wol dêr safolle mooglik by oanslúte. Troch út prinsipes wei te wurkjen en minder regels op te lizzen, is der mear romte foar maatwurk en fleksibiliteit. Foarbyld fan sa’n prinsipe is súnich romtegebrûk troch it kombinearjen fan funksjes.

De ûnderwerpen yn de Omjouwingsfisy binne troch minsken yn Fryslân oandroegen. Dat barde ûnder oare fia ‘Omjouwingslabs’: ynteraktive sesjes dy’t de Fryske oerheden mei-inoar út ‘De Friese Aanpak’ wei organisearren.

Gearwurking

De provinsje wol ek yn de fierdere útfiering mei oare partijen oan‘e slach en mei-inoar programma’s en plannen foar Fryslân realisearje. Yn de oanrin nei de beslútfoarming yn Provinsjale Steaten besjocht de provinsje mei gemeenten en oare partners alfêst hokker oanpak en gearwurking foar de ûnderskate fraachstikken mooglik is.

Besjoch de stikken op www.fryslan.frl/omgevingsvisie

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.