Noardeast-Fryslân start eksperimint foar balâns op wenningmerk

De provinsje en de gemeenten Dantumadiel, Noardeast-Fryslân, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hawwe ôfspraken mei-inoar makke oer de wenningbou in de regio Noardeast-Fryslân foar de kommende 10 jier. Deputearre Fokkinga: "De gemeenten krije mear romte en eigen ferantwurdlikheid binnen de kaders fan de provinsje.

Wy wolle in wenningmerk yn de regio dy’t yn balâns bliuwt, mar op sa’n manier dat gemeenten ek plannen realisearje kinne.” Yn de foarm fan in eksperimint mei de regio oant 2025 sels oan de slach op de wenningmerk.

Takomstbestindige wenjen-regio

De regio stiet de kommende jierren foar in fikse útdaging op de wenningmerk. De omfang en gearstalling fan de befolking feroaret en dêrmei de fraach nei wenningen. De gemeenten sjogge dy útdaging op harren ôfkommen. Wethâlder Gerben Wiersma fan Dantumadiel is út namme fan de gemeenten bestjoerlik lûker fan de wenjen-opjefte: “Wy hawwe de provinsje romte frege eksperimintearje te meien om fluch en fleksibel ynspylje te kinnen op fraach en oanbod op lokaal nivo. Sa kinne wy maatwurk leverje foar in kwalitatyf wenningoanbod yn ús regio.” Deputearre Steaten jouwe de gemeenten no mear ferantwurdlikheden op de wenningmerk. “Binnen it eksperimint kin de regio dizze mof oppakke”, neffens Fokkinga. “Wy bliuwe de kommende perioade yn nau oerlis om te sjen wat de resultaten binne en hoe dy’t har ferhâlde ta de prognoaze." De oerheden sette sa mei-inoar yn op in takomstbestindige wenjen-regio.

Ekspirimint rjochte op balâns yn wenningmerk

It eksperimint is rjochte op it finen fan in goede balâns yn de fraach fan no en it wenningferlet foar de takomst. De gemeenten kinne binnen it eksperimint nije wenningbouplannen meitsje dy’t goed oanslúte op it hjoeddeiske en takomstige wenningferlet. De gemeenten krije foar projekten binnen de kearnen sels de rezjy op it tal wenningen. Projekten bûten de kearnen wurde allinne ûntwikkele as it net mear mooglik is om binnen de kearnen te bouwen en der wol oanwiisber ferlet oan nijbou is. Dêrfoar wurdt troch de gemeenten en de provinsje maatwurk levere. De provinsje jout as ramt mei dat elke gemeente in eigen (fleksibel) wenningbouprogramma opstelt. De wer ikere regionale wenningmerkanalyze 2020 is yn tarieding en jout gemeentebreed rjochting oan it programma. Elk heal jier wurdt de fuortgong fan it eksperimint mei-inoar besprutsen oan de hân fan dy analyze.

Wenningen De Sintrale As

De provinsje en de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel hawwe ek oerienstimming berikt oer de ‘ekstra’ wenningen dy tasein binne as kompensaasje foar de oanlis fan de Sintrale As. Earder hat de gemeente Dantumadiel dêr al foar in part gebrûk fan makke troch de oanlis fan 35 wenningen yn it plangebiet ‘de Bosk’ yn Feanwâlden. Beide gemeenten krije de mooglikheid om foar 2030 de oerbliuwende wenningen te realisearjen. Foar Dantumadiel giet it om 115 wenningen en foar Tytsjerksteradiel om 150 wenningen.

Pagina opties