Noard-Nederlân sil ynvestearjen bliuwe yn wittenskiplike kennis en kunde oer de gefolgen fan krimp

De bysûndere learstoel Befolkingsdelgong en Leefberens foar Noard-Nederlân oan de Ryksuniversiteit Grins wurdt mei fiif jier ferlingd. Bysûnder heechlearaar Bettina Bock ûndersiket ek de kommende fiif jier de kânsen en mooglikheden foar de leefberens yn krimpgebieten. De trije noardlike provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte meitsje dy ferlinging mooglik.

It wittenskiplik ûndersyk rjochtet him benammen op de tanimmende ferskillen tusken regio’s, brede wolfeart en libbensgelok. Dêrneist wurdt sjoen nei inisjativen lykas fernijings yn de soarch, wêrmei’t krimpgebieten har fersterkje kinne. De bysûndere learstoel is yn 2015 ynsteld troch de Stichting ter Bevordering van Ruimtelijke Wetenschappen by de Fakulteit Romtlike Wittenskippen fan de Ryksuniversiteit Grins .

Súkses

De provinsje Fryslân sjocht dat de bysûndere learstoel Befolkingsdelgong en Leefberens foar Noard-Nederlân yn de ôfrûne fiif jier in súkses west hat. Deputearre Klaas Fokkinga is dan ek bliid mei de ferlinging: "Bysûnder heechlearaar Bettina Bock hat mei har ûndersyk en har rol yn it maatskiplik debat in wichtige bydrage levere oan it agindearjen fan de problematyk oangeande befolkingsdelgong en leefberens. Dat docht hja troch mei de media, beliedsmakkers en bestjoerders yn it noarden en dêr bûten yn petear te gean oer de gefolgen fan de demografyske transysje. Ik bin bliid dat de akademyske saakkundigens op dit mêd de kommende jierren beskikber bliuwt. Foar ús, en foar oaren, dy’t der ek weet fan hawwe moatte.”

Befolkingsdelgong

Noard-Nederlân hat noch hyltyd te krijen mei de gefolgen fan befolkingsdelgong en mei in feroarjende gearstalling fan de befolking troch fergrizing en ûntgriening. Yn de provinsje Grins binne trije gebieten oanwiisd as krimpregio: de regio's East-Grins, Eemsdelta en Het Hogeland. De regio Noardeast-Fryslân hat ek de status fan krimpregio. Yn de provinsjes Fryslân en Drinte binne der dêrneist noch 'antisipearregio's'. Dat binne regio’s dêr’t krimp ferwachte wurdt. Befolkingsdelgong soarget foar útdagings op it mêd fan ûnder oaren leefberens, foarsjennings, wurkgelegenheid en de wenningmerk.

Gearwurking

De trije noardlike provinsjes wurkje al jierren mei elkoar gear om de gefolgen fan befolkingsdelgong foar de leefberens yn kaart te bringen. Fierder diele hja kennis en kunde oer súksesfolle oanpakken mei elkoar. Dat dogge de trije provinsjes mei de Ryksuniversiteit Grins en de Hanzehogeschool Grins yn it  Kennisnetwurk Krimp Noard-Nederlân (KKNN). Troch de ferlinging fan de bysûndere learstoel de kommende fiif jier, kin prof. dr. ir. Bettina Bock in wichtige rol ferfoljen bliuwe yn it maatskiplik en wittenskiplik debat. Net allinne yn ús provinsjes, mar ek op nasjonaal en ynternasjonaal nivo.

Eftergrûnynformaasje

Prof. dr. ir. Bettina Bock (1960) set har sûnt 2015 as earste bysûnder heechlearaar yn Nederlân op it mêd fan Befolkingsdelgong en Leefberens mei súkses yn foar it agindearjen fan de gefolgen fan befolkingsdelgong op de leefberens. Hja is sûnt 1996 as plattelânssosjolooch ferbûn oan Wageningen University & Research, dêr’t se yn 2018 beneamd waard ta persoanlik heechlearaar ynklusive plattelânsûntwikkeling. Har ûndersyk rjochtet him benammen op de ynfloed fan ferstedsking op plattelânsûntwikkeling, wêrby’t marginalisearre regio’s en groepen sintraal steane. Wichtige tema’s yn har ûndersyk binne boargerpartisipaasje, ûndernimmerskip, bestjoer en sosjale en romtlike ûngelikens.

Portretfoto van Prof. dr. ir. Bettina Bock.

Earste Nederlânske bysûnder heechlearaar Befolkingsdelgong en Leefberens, prof. dr. ir. Bettina Bock.

Fotograaf Carla Kogelman

Pagina opties