Nije Fryske staveringshifker yn Microsoft Office

Dit bericht is niet meer actueel

Fryske brûkers fan Microsoft Office kinne fan hjoed ôf gebrûk meitsje fan in nije Fryske staveringshifker. De Fryske taal is no beskikber yn de standert staveringshifker yn de Office-programma’s Word, Excel, Outlook en PowerPoint. De nije taalhelp waard hjoed presintearre op it provinsjehûs.

De provinsje wurket al langere tiid oan it beskikber meitsjen fan de Fryske taal yn software en apps. Earder waard de Fryske taal ek al beskikber yn Google (Translate, Gboard), SwiftKey en Facebook. Digitale ark is in betingst foar it lykweardich brûken fan de Fryske taal in sawol ynformele as formele kommunikaasje.

Deputearre Sietske Poepjes: “De digitale wrâld spilet in wichtige rol yn ús hjoeddeistich libben. Wy sjogge dat Friezen ek graach yn ‘e digitale wrâld yn harren memmetaal kommunisearje wolle. Foar de takomst fan de Fryske taal is it moai dat in grut ynternasjonaal bedriuw as Microsoft in mearwearde sjocht yn it opnimmen fan it Frysk yn harren produkten. It makket it Frysk skriuwen ienfâldiger foar minsken thús, op skoallen, by de oerheid en by bedriuwen.”

Hans van der Meer, Manager Microsoft 365 by Microsoft Nederland: “Bij Microsoft zijn wij continu bezig om samen met onze gebruikers de Microsoft-ervaring te verbeteren. Met de nieuwe spellingchecker in Microsoft Office maken we het voor Friestaligen mogelijk om onze producten te gebruiken op de manier die het dichtst bij ze staat.

Ynstallaasje

Brûkers fan Microsoft Office kinne de nije staveringshifker sels ynstallearje op de eigen kompjûter of laptop (Office 2013 of heger). De staveringshifker is noch net beskikber foar Mac-brûkers of brûkers fan Microsoft Office Online. Mear ynformaasje en in wiidweidige hantlieding foar de ynstallaasje fan de nije staveringshifker fan Microsoft is te finen op: www.taalhelp.frl/microsoft 

Taalhelp

Op de webside www.taalhelp.frl fan de Afûk stiet in oersjoch fan alle digitale apps en digitale helpmiddels foar it Frysk. Op de webside www.taalweb.frl fan de Fryske Akademy binne Fryske digitale wurdboeken en in oersetter te finen. Er is ek in plug-in foar Word beskikber foar in staveringshifker mei mear opsjes lykas tips by grammatika.

Pagina opties