Nij ticketsysteem foar Fryske musea

Musea yn Fryslân krije de helpende hân oanrikt om coronaproof te wurden. Museumfederaasje Fryslân sil harren yn opdracht fan de provinsje Fryslân mei in ticket/reservearringssysteem helpe. Dêr kinne de musea it tal besikers sa mei regulearje dat hja oan de coronamaatregels foldogge. Troch dizze stipe kinne de musea de doarren wer iepenje, sadat Friezen en fakânsjegongers wer fan it grutte museumoanbod yn Fryslân genietsje kinne.

Frysk Museum

De Museumfederaasje wol sa’n 30 musea oan in ticket/reservearringssysteem helpe. De help rjochtet him benammen op lytsere musea dy’t faaks net de kapasiteit en middels hawwe om it sels te dwaan. Dêrtroch hawwe hja muoite om oan de rjochtlinen te foldwaan. Kultuerdeputearre Sietske Poepjes fynt it wichtich dat minsken wer nei de musea gean kinne. “Krekt no, yn dizze bizarre tiid, hawwe minsken ferlet fan ûntspanning, oan kultuer en oan konneksje. As musea dan muoite hawwe om iepen te gean om't hja net de goede middels hawwe, dan wol ik harren dêr by helpe”, seit Poepjes.

Keunst nei bûten

De provinsje wol net allinne wer besikers nei it museum lûke. Hja wol keunst ek op oare manieren oanbieden. It Jopie Huisman Museum makket yn dat ramt in mobile webside wêrmei’t leafhawwers keunstwurken bûten belibje kinne. Op ferskate plakken yn de provinsje komme bankjes te stean wêr’t minsken it plak belibje kinne wêr’t in skilderij makke is. De bankjes binne fan in QR-koade foarsjoen dy’t nei in webside ferwiist. Op dy webside kinne de minsken yn ‘e kunde komme mei it ferhaal fan it skilderij, op it bankje kinne se sjen wat de skilder seach.

It Jopie Huisman Museum wurket foar dit projekt gear mei it Fries Museum, Museum Belvédère, Museum Drachten, Hannemahuis, Museum Hylpen, Fries Scheepvaartmuseum en Tresoar. Yn earste ynstânsje komme der acht bankjes yn de provinsje te stean.

Coronafûns

De projekten binne mooglik makke troch it spesjale coronafûns dat Provinsjale Steaten ynstelde. De kosten foar it ticketsysteem binne 6.500,- euro. It bankjesprojekt kostet 45.000,- euro.

Pagina opties