Ljochtkeunst en ferhalen yn Novimber Festivalmoanne

Novimber is yn it Kulturele Haadstêdjier beneamd ta weromkommende Festivalmoanne. In moanne lang hawwe der ferskate eveneminten yn Ljouwert plak, as ûnderdiel fan de legacy fan Kulturele Haadstêd. Foar ljochtfestival LUNA en Story Valley, twa ûnderdielen fan de festivalmoanne, stelt provinsje Fryslân € 50.000,- en € 40.000,- beskikber. 

Story Valley is in inisjatyf fan filmplatfoarm New Noardic Wave (NNW). Mei Story Valley wol NNW, dat yn it ljocht fan Ljouwert-Fryslân 2018 oprjochte waard en al ferskate projekten op syn namme skreau, nije romte meitsje om te eksperimintearjen yn film, media, teäter en literatuer, op it mêd fan ferhalen fertellen. Der sille yn novimber masterclasses en worksjops plak hawwe en der binne mooglikheden om as artist-in-residence te wurkjen.

Dêrnjonken kinne kulturele makkers ûnder Story Valley in bydrage foar harren wurk winne. LUNA, it ljochtfestival fan Media Art Fryslân, belibbet fan 22 oant en mei 24 novimber in nije edysje. In ‘e binnenstêd binne der sa’n fyftjin ljochtkeunstwurken te bewûnderjen, dêr’t om de 50 keunstners hinne – lokaal likegoed as ynternasjonaal - oan meiwurken. It evenemint is fergees te besykjen, wat it foar in breed publyk tagonklik makket.

Ljouwert-Fryslân 2028

Novimber Festivalmoanne is ûnderdiel fan ‘e programmearring fan Ljouwert-Fryslân 2028, de ferfolchorganisaasje fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Oansprekkende en suksesfolle programmaûnderdielen fan 2018 krije in ferfolch en der wurdt, mei it jier 2028 as stip op de horizon, allegeduerigen wurke oan ynvintive, tagonklike en kulturele nije programmearring. Op tongersdei 11 july wurdt it bidbook en de programmearring foar de oankommende jierren presintearre. 

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.