Lânboumuseum ferbredet aktiviteiten

It Frysk Lânboumuseum wol in stevigere rol yn it maatskiplik debat oer lânbou en plattelânsûntwikkeling hawwe. It wol net allinne eksposysjes biede, mar ek petearen en lêzingen fasilitearje. Mei dy stap reagearret it museumbestjoer op de fuortfallen provinsjale subsydzje foar de kommende fjouwer jier. Troch in gruttere rol te pakken hopet it museum noch in foarm fan finansiering krije te kinnen.

De útwreiding fan aktiviteiten acht it museumbestjoer fan belang om ek yn de takomst in rol fan betsjutting te hâlden. Hja slút dermei oan op de advizen dy't de provinsjale advyskommisje foar musea meijoech. De provinsje Fryslân jout it museum foar 2021 noch ienris in subsydzje fan 200.000,- euro. Dêrmei kriget it de gelegenheid om it plan it kommende jier fierder út te wurkje of oars saken ôf te bouwe.

Een boerderij in een groene weide met wilde bloemen op de voorgrond en een bewolkte lucht

Ôfrûne simmer stelde de provinsje fêst hokker kulturele organisaasjes de kommende fjouwer jier in subsydzje krije. Dêrfoar hat it provinsjebestjoer advys oan in eksterne advyskommisje frege. It Frysk Lânboumuseum foel bûten de boat. It Kolleezje fan Deputearre Steaten fynt it lykwols fan belang te ûndersiken oft it museum foar Fryslân behâlden bliuwe kin. Hja jout it museum dêrom noch in kâns om de advizen fan de kommisje te ferwurkje.

De advyskommisje joech it museum mei him mear yn it maatskiplik debat oer lânbou te minge. Ek advisearre hja oan de slach te gean mei it rurale ferhaal fan Fryslân. It museum soe oandacht besteegjen moatte oan alles wat der op it plattelân spilet, fan agraryske ûntjouwingen oant befolkingskrimp en sosjale fraachstikken.

Mids folgjend jier beslút de provinsje of der middels beskikber binne foar it nije plan.

Pagina opties