Konstruktyf oerlis omskeakeling boeren Skier

Boeren op Schiermonnikoog, de provinsje Fryslân en de gemeente ha konstruktyf oerlis hân oer de fuortgong fan de omskeakeling fan boeren op it eilân nei in mear ekstensive foarm fan buorkjen.

Konkreet giet it om it frijwillich ynleverjen fan 35% fan it fee om dêrmei de skealike útwurking fan stikstof op de natoer op it eilân werom te bringen. Ûnder foarsitterskip fan boargemaster Ineke van Gent sprutsen deputearre Johannes Kramer en boer Ludie van der Bijl freed meielkoar.

De boeren op it eilân wolle graach stipe wurde by it ferlies fan ynkomsten as gefolch fan it ynleverjen fan kij. Probleem derby is dat Europeeske staatsteun-regels dat yn it paad lykje te sitten. Alle belutsen partijen ha útsprutsen dat it fan grut belang is dat de omskeakeling ek daadwerklik plakfynt. Sawol foar de belutsen boeren, it eilân en de natoer, mar ek as foarbyld foar de rest fan Nederlân. Ommers, net allinich Skiermuontseach hat in stikstofprobleem.

De kommende tiid sil mei eksperts werûnder it minestearje fan LNV oerlein wurde om te sjen of en hoe’t de boeren dochs by steat binne om de oerstap te meitsjen. Ein novimber wolle de partijen komme ta in risseltaat. Derfoar wurde ferskate opsjes ûndersocht mei as doel de omskeakeling, mei stipe, mooglik te meitsjen.

Pagina opties