Kening en Keningin bringe streekbesite oan Súdeast-Fryslân

Syn Majesteit Kening Willem-Alexander en Har Majesteit Keninginne Máxima bringe tongersdei 17 septimber in streekbesite oan Súdeast-Fryslân. It Keninklik Pear giet nei de gemeenten Opsterlân, Smellingerlân en Eaststellingwerf. De besite rjochtet him op 'e takomst fan 'e provinsje, mei spesjaal omtinken foar de agraryske sektor, de Fryske taal en kultuer en duorsumens.

Sine Majesteit Kening Willem-Alexander en Hare Majesteit Keningin Máxima
Syn Majesteit Kening Willem-Alexander en Har Majesteit Keninginne Máxima

Kommissaris fan 'e Kening drs. A.A.M. Brok is bliid mei de besite: “Wy binne tankber dat yn dizze tiid fan koroana it Keninklik Pear tiid nimt foar in besite oan ús moaie provinsje. Der is in breed en koroana-proof programma gearstald. It is moai en bysûnder te neamen dat se yn petear geane mei jonge Fryske boeren oer harren takomst en der wiidweidich omtinken is foar Frysk ûnderwiis en de posysje fan ús taal en kultuer.”

Súdeast-Fryslân, wurdt karakterisearre troch mienskipsgefoel, lânbou en natuergebieten. De regio hat lykwols ek te krijen mei ûntwikkelings lykas krimp, fergrizing en klimaatferoaring. Dat set de leefberens ûnder druk. Fan ‘t jier is in RegioDeal sletten tusken it  regear en ferskate partijen yn 'e regio om de brede wolfeart en it takomstperspektyf fan ynwenners en bedriuwen te ferbetterjen.

De Kening en Keninginne komme by de besite yn ’e kunde mei organisaasjes dy't har ynsette foar lânbou, duorsumens en de Fryske taal en kultuer. It earste diel fan de besite rjochtet him op duorsum ûndernimmerskip, kennis-útwikseling en gearwurking by ekologyske fraachstikken. Dêrneist praat it pear mei jonge boeren oer de takomst fan 'e lânbou yn Fryslân en de útdagings dêr’t de nije generaasje yn dy sektor foar stiet. 

It twadde part fan de besite rjochtet him op de Fryske taal en kultuer. It pear nimt diel oan in les Frysk op in middelbere skoalle en praat mei fertsjintwurdigers fan inisjativen dy't de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis en yn 'e maatskippij fersterkje.

Ek is der omtinken foar it skûtsjesilen. De SKS fiert fan ’t jier it 75-jierrich jubileum. De festiviteiten koene net trochgean fanwege koroana. It skûtsjesilen is koartlyn taheakke oan de Inventaris Immaterieel Erfgoed Nederland. De SKS ynformearret de Kening en Keninginne oer de betsjutting dêrfan.

By de streekbesite jilde de aktuele, algemiene koroana-rjochtlinen foar gearkomsten. De lokaasjes wurde foarôf net bekendmakke om groepsfoarming foar te kommen en de oardel meter ôfstân te garandearjen.

Pagina opties