Jild foar fersterking iepenbier ferfier

Ferfierder Arriva kriget goed 770.000 euro foar de útfiering fan fjouwer projekten om de kwaliteit fan it Fryske OV te ferheegjen.

De projekten fersterkje de haadstruktuer en soargje foar mear reismooglikheden. Dêrneist wurdt it brânstofferbrûk duorsumer makke. De projekten binne yn de perioade 2019-2022. De resultaten brûke wy yn de tarieding fan it nije kontrakt foar busferfier. Dat kontrakt giet yn desimber 2022 yn.

Fan septimber 2019 ôf begjint in pilot, wêrby’t op busline 315 (It Hearrenfean-Grins) yn de spits fjouwer kear yn ‘e oere in bus rydt yn stee fan twa kear. Reizgers kinne faker ferfierd wurde en de drokte op dy busline wurdt sa spraat.

Op de oanskaf fan it Dal-Voordeel-Noord Trein en Bus abonnemint krije reizgers koarting. Mei dat abonnemint kinne reizgers yn de provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân bûten de spits mei 40% koarting reizgje. Mei dat produkt, dat yn jannewaris 2018 yntrodusearre is, is in earste stap set om nei in noardlike OV-trajektkaart ta te wurkjen.

Fierder ride oant de ein fan it rinnende buskontrakt (2022) 48 bussen op biodisel (HVO). Dêrmei stjit it OV yn Fryslân 2.000 ton minder CO2 jiers út. As lêste set it projekt ‘Anders roosteren’ útein. Ûnderwiisynstellings krije in bydrage, wannear’t se de roasters fan learlingen sa oanpasse, dat it yn ‘e spitsoeren yn it OV minder drok wurdt.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.