Inisjatyfrike Friezen mei goede projektideeën socht

Dit bericht is niet meer actueel

Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 13 jannewaris oant en mei 6 febrewaris 2020 wer subsydzje oanfreegje út it Iepen Mienskipsfûns (IMF). Mei dizze subsydzjeregeling, dy’t koartlyn útwreide is mei moetingsplakken, helpt provinsje Fryslân inisjativen út de mienskip út te fieren. Yn dizze subsydzjeomgong is € 1.450.000 beskikber foar hiel Fryslân.

In wichtich útgongspunt is, dat ynwenners sels útmeitsje wat wichtich is foar de leefberens yn harren gebiet en ek de projekten opsette. Doel is om by te dragen oan lokale ynnovaasje, de leefberens te befoarderjen en de wurkgelegenheid en oanlûkingskrêft te stimulearjen.

Inisjatyfnimmers kinne foar it opstellen fan in projektplan en help by de subsydzjeoanfraach terjochte by Streekwurk en Doarpswurk. Sjoch foar mear ynformaasje op www.streekwurk.frl/imf of www.doarpswurk.frl.

Pagina opties