IMF-subsydzje foar 37 projekten yn Súdwest Fryslân

It Iepen Mienskipsfûns Súdwest Fryslân jout yn de tredde tender fan 2019 subsydzje oan 37 inisjativen út de mienskip.

Yn totaal giet der rom € 300.000,- nei leefberens- projekten yn dizze regio.


As it tsjuster is…

Museum Warkums Erfskip is yn it Ryksmonumint de Waag yn Warkum ûnderbrocht. Fanwegen in gebrek oan romte brûkt it museum ek parten fan it âlde stedhûs. Sa is de Warkumer Keamer, mei syn prachtige tegelwanden, skou en bedstee, dêr sûnt begjin 2019 ûnderbrocht. Ynkoarten wurdt dêr in permaninte útstalling oer oarloch en ferset yn Warkum en omkriten oan tafoege. Ek wurdt in stúdzje- en argyfromte realisearre. Op dy wize bliuwt de histoarje foar Warkum bewarre en hat it monumintale pân in prachtige nije bestimming. Foar dat projekt kriget de stichting € 35.000,- út it Iepen Mienskipsfûns. It projekt kostet
€ 139.144,-.

Iepen Mienskipsfûns

Yn 2020 kin fan 13 jannewaris oant en mei 6 febrewaris 2020 (17.00 oere) wer subsydzje út it IMF oanfrege wurde. Letter dat jier folgje noch twa subsydzjeperioaden. Betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens yn wyk, doarp of stêd. Sjoch foar mear ynformaasje op www.streekwurk.frl/imf.

Del te laden:

Pagina opties