IMF-subsydzje foar 29 projekten yn Noardeast Fryslân

It Iepen Mienskipsfûns Noardeast Fryslân jout yn de tredde tender fan 2019 oan 29 inisjativen út de mienskip subsydzje. Alle projekten byinoar soargje foar in ynvestearring fan mei-inoar hast € 1,4 miljoen euro yn de leefberens fan dy regio.

Klean- en boartersguodbank…mear as útjefte allinne

De Stichting Kleding- en Speelgoedbank is der foar ynwenners fan de gemeente Tytsjerksteradiel dy’t net folle te besteegjen hawwe. Donearre guod krijt sa in goed twadde libben. Neist de útjefte fan klean en boartersguod is der ferlet fan moeting en it opsetten fan aktiviteiten en projekten, bedoeld om talint te stimulearjen, foarljochting en previnsje. It realisearjen fan in moetingsromte soarget dêr op in leechdrompelige wize foar. De bydrage út it IMF is € 8.000,-, it projekt kostet € 20.000,-.

Iepen Mienskipsfûns

Yn 2020 kin fan moandei 13 jannewaris oant en mei tongersdei 6 febrewaris (17.00 oere) subsydzje út it IMF oanfrege wurde. Letter dat jier folgje noch twa subsydzjeperioaden. Betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens yn wyk, doarp of regio. Sjoch foar mear ynformaasje en it oanfreegjen fan subsydzje op www.streekwurk.frl/imf. Ek is subsydzje út de Europeeske LEADER-regeling foar ynwenners yn Noardeast en Noardwest Fryslân mooglik.

Del te laden:

Pagina opties