IMF-subsydzje foar 27 projekten yn Súdwest Fryslân

Dit bericht is niet meer actueel

It Iepen Mienskipsfûns Zuidwest Fryslân jout yn de twadde tender fan 2019 subsydzje oan 27 inisjativen út de mienskip. Al dizze projekten tegearre drage by oan de leefberens fan dizze regio foar in ynvestearring fan goed € 1,6 miljoen euro.

Tredde klok yn de tsjerketoer fan Warkum

Yn de toer fan de Gertrudiskerk yn Warkum hingje twa monumintale klokken: de Treurer en de Trooster. It klokhús is koartlyn restaurearre wêrtroch dizze sterk genôch is om it gewicht fan in tredde klok te dragen. ‘Stichting tot behoud van monumenten in de gemeente Súdwest-Fryslân’ lit hjir foar in nije klok (de Juicher) jitte. Foar dit projekt kriget de stichting
€ 20.000,- út it Iepen Mienskipsfûns. It projekt kostet € 55.194,-.

Iepen Mienskipsfûns

Yn 2019 kin fan 16 septimber oant ‘e mei 11 oktober 2019 wer subsydzje út it IMF oanfrege wurde. Betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens yn de wyk, doarp of stêd. Sjoch foar mear ynformaasje op www.streekwurk.frl/imf

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.