IMF-subsydzje foar 27 projekten yn Noardwest Fryslân

It Iepen Mienskipsfûns Noardwest Fryslân jout yn de twadde tender fan 2019 oan 27 inisjativen út de mienskip wei subsydzje. Alle projekten soargje mei-inoar foar in ynvestearring fan goed 650.000 euro yn de leefberens fan dy regio.

Projekt ‘Pleed’

Ien fan de projekten is projekt Pleed, wêrby’t wol fan de Ljouwerter keppel skiep ta tekkentsjes, ‘pleeds’, ferwurke wurde. Wol is in grut kultuerhistoarysk goed fan Fryslân; it wie troch de iuwen hinne in grut hannelsmerk fan ús provinsje. Projekt Pleed wol it bewustwêzen op it mêd fan duorsumens, ús natuerlik fermidden en ús grûnstoffen fergrutsje. De bydrage út it IMF is € 6.385,-, it projekt kostet  6.385,-, it projekt kostet €17.784,-.

Afbeelding van 2 dekens aan de waslijn

Iepen Mienskipsfûns

Yn 2019 kin fan 16 septimber oant en mei 11 oktober wer subsydzje út it IMF oanfrege wurde. Betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens yn wyk, doarp of regio. Sjoch foar mear ynformaasje op www.streekwurk.frl/imf.
Ek is subsydzje út de Europeeske LEADER-regeling mooglik foar ynwenners yn Noardwest en Noardeast Fryslân. Dy regeling is fan 16 septimber oant en mei 25 oktober iepen.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.