IMF-subsydzje foar 23 projekten yn Súdeast Fryslân

It Iepen Mienskipsfûns Súdeast Fryslân jout yn de tredde tender fan 2019 oan 23 inisjativen út de mienskip subsydzje.

Mei-inoar giet der hast € 400.000,- nei projekten foar leefberens yn dizze regio.

Stichting MOM set âlden yn harren krêft

De stichting Moeders Ondersteunen Moeders (MOM) is fan doel workshops te organisearjen, om memmen (en heiten) fan bern mei in beheining yn harren krêft te setten. Doel is dat memmen sterker wurde, inoar witte te finen en ynformaasje útwikselje, sadat it makliker wurdt om in bern mei in beheining grut te bringen en yn syn/har libben te begelieden. Foar dat projekt kriget de stichting € 3.000,-. It projekt kostet € 7.992,-.

Iepen Mienskipsfûns

Fan jannewaris 2020 ôf kinne inisjatyfrike Friezen wer subsydzje út it IMF oanfreegje. Betingst is in goed inisjatyf foar it ferbetterjen fan de leefberens yn harren wyk, doarp of stêd. De earste subsydzjeperioade is fan 13 jannewaris oant en mei 6 febrewaris 2020 (17.00 oere). Sjoch foar mear ynformaasje oer it IMF en it oanfreegjen fan subsydzje op www.streekwurk.frl/imf.

Projektepitch

Op woansdei 15 jannewaris organisearret Súdeast Fryslân in projektepitch. Inisjatyfnimmers krije de kâns om yn fiif minuten harren projekt oan it advysplatfoarm te presintearjen. Ek hearst, wêr’tst om tinke moatst by it yntsjinjen fan in subsydzje-oanfraach. De pitch is fan 18.00 – 21.00 oere yn ’t Buurthuus, Mandehof 13 yn Noardwâlde. Op ‘e tiid oanmelde fia zuidoost@fryslan.frl of 058 - 2925200 is winsklik, want it tal plakken is beheind.

Del te laden:

Pagina opties