IMF-subsydzje foar 20 projekten yn Noardeast Fryslân

It Iepen Mienskipsfûns Noardeast Fryslân leveret yn de earste perioade fan dit jier subsydzje oan 20 ynisjativen fanút de mienskip. Alle projekten meielkoar soargje foar in ynvestearring fan hast 250.000 euro yn de leefberens fan dizze regio.

Ien fan dizze projekten is de Tûk, in elektryske auto dy’t ynwenners fan de Trynwâlden mei-inoar brûke kinne. Yn dizze regio is in fluch groeiend ferlet oan duorsum (diel)ferfier. Foar in oantreklik taryf fan  35 euro foar in hiele dei of 20 euro foar in deiskoft, kinne ynwenners gebrûk meitsje fan dizze elektryske dielauto. De betelling en it reservearjen ferrint fia in website as app. De bydrage fanút it IMF is 35.000 euro.

Iepen Mienskipsfûns

Yn 2019 kin der noch op twa mominten subsydzje fan út it IMF oanfrege wurde (fan 23 april oant en mei 17 maaie en fan 16 septimber oant en mei 11 oktober). Ek dan is wer ien fan de betingsten dat it projekt in bydrage leveret oan it ferbetterjen fan de leefberens. Sjoch foar mear ynformaasje op www.streekwurk.frl/imf.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.