IMF-subsydzje foar 15 projekten yn Noardeast Fryslân

It Iepen Mienskipsfûns Noardeast Fryslân jout yn de twadde tender fan 2020 oan 15 inisjativen út de mienskip subsydzje. It giet om in bedrach fan hast € 300.000,-. Alle projekten soargje foar in ynvestearring fan mei-inoar sa’n 1,2 miljoen euro yn de leefberens fan dy regio.

Doarpsmiel foar âlderen en allinnesteanden yn Burdaard

Út in enkête ûnder de âlderen en allinnesteanden yn Burdaard blykt dat der ferlet is oan mienskiplike mielen. Frijwilligers fan MFC It Spectrum en Doarpsomtinkers organisearje dêrom periodiek in doarpsmiel yn it MFC. It MFC soarget foar de oanklaaïïng fan de tafels en it siede en servearje fan it iten. De Doarpsomtinkers helje dielnimmers op dy’t net yn stiet binne om sels te kommen. De bydrage út it IMF is € 10.000,-, it projekt kostet € 35.000,-.

Tafel mei stokbôle en boarden mei slaatsje

Iepen Mienskipsfûns

De folgjende subsydzjeperioade rint fan 7 septimber oant en mei 1 oktober 17.00 oere. Betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens yn in wyk, doarp of regio. Sjoch foar mear ynformaasje en it oanfreegjen fan subsydzje op www.streekwurk.frl/imf. Ek is subsydzje út ‘e Europeeske LEADER-regeling mooglik. Dy tender is iepene fan 7 septimber oant en mei 22 oktober 2020.

Del te laden:

Pagina opties