IMF-subsydzje foar 13 projekten op ‘e Fryske Waadeilannen

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) jout de provinsje Fryslân subsydzje oan 13 inisjativen út de mienskip. Mei-inoar giet der goed 191.762 euro nei projekten foar leefberens op de Fryske eilannen.

Wetterrûte Flylân

De wettersyklus op Flylân wurdt op in unike manier yn byld brocht. Fia in rûte nei jo kar mei ferskillende ôfstannen, kinne jo kuierjend, fytsend of op in oare sportive manier sjen hoe’t op Flylân mei wetter omgien wurdt. Flylân is it iennichste Fryske Waadeilân mei in eigen swietwetterbel en soarget ûnôfhinklik foar drinkwetter.

Op de rûte wurde Flylanners en eilânbesikers op in spannende en leuke manier útdage om in nij perspektyf op wetter te ûntdekken. Nammentlik troch in kombinaasje fan fysike ynspanning, it betsjinjen en leare begripen fan in wetterynstallaasje en ferdúdlikjende en yngeande kennis en bewustwêzen. In kreatyf plan om minsken te bewegen en tagelyk oars mei wetter sjen, tinke en hannelje te litten.

De folsleine projektkosten binne 224.339 euro. It IMF draacht 72.939 euro subsydzje by.

Iepen Mienskipsfûns

Yn’e twadde iepenstelling kinne jo wer subsydzje oanfreegje.De oanfraachperioade is fan 19 april oant en mei 20 maaie 2021. Betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens yn wyk, doarp of regio. Sûnt koart kinne jo ek ideeën yntsjinje dy’t in nij proses of produkt nei it eilân bringe. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op  www.fryslan.frl/imf

Del te laden:

Pagina opties