Ien opstaptaryf by oerstappen iepenbier ferfier

It dûbele opstaptaryf yn it iepenbier ferfier yn Fryslân en Grinslân is der fan 1 jannewaris 2021 ôf net mear. Dat jildt foar alle oerstappen binnen 35 minuten yn it regionale bus- en treinferfier fan Arriva en Qbuzz. Yn oerlis mei ferfierder Arriva en OV-bureau Groningen Drenthe hawwe de provinsjes Grinslân en Fryslân besletten om it saneamde dûbel opstaptaryf ôf te skaffen.

Tagonkliker

In ritpriis yn it iepenbier ferfier bestiet út in fêst opstaptaryf en it kilometertaryf foar de reizge ôfstân. Earder waard by in oerstap fan trein op bus of fan bus op trein nochris it opstaptaryf berekkene. Dat dûbele opstaptaryf ferdwynt. Dat past by de mienskiplike ambysje om it reizgjen yn it Noarden noch tagonkliker te meitsjen. Foar it oerstappen fan bus op bus en trein op trein bestiet al langer gjin dûbel opstaptaryf mear.

Kompensaasje busferfierders

De nije treinkonsesje 2020-2035 makke it ôfskaffen fan it dûbele opstaptaryf fan bus op regionale trein mooglik. In oerstap fan trein op bus falt ûnder de buskonsesje. Dy konsesje rint noch en ôfskaffe is dêrom net mooglik. Om foar de reizger it dûbele opstaptaryf by in oerstap fan regionale trein op bus dochs ferdwine litte te kinnen, hawwe de provinsjes Fryslân en Grinslân besletten de busferfierder dêr finansjeel foar te kompensearjen.

Pagina opties