Hurdfarre op Burgumer Mar foarearst út byld

In proef mei hurdfarre op de Burgumer Mar is foarearst net mear mooglik. De provinsje hat it beslút foar de pilot ûnfoldwaande motivearre. Dy útspraak die de rjochtbank Noord-Nederland ferline wike.

speedboot op meer met wolkenlucht

Op twa punten ûntbrekt it neffens de rjochtbank oan in goede motivearring. De provinsje hat earder belied makke wêryn’t foar de Burgumer Mar rêst en romte as kearnwearden beneamd binne. Fan dat belied ôfwike kin, mits goed motivearre wurdt wêrom ‘t dat nedich is.

Ek op it punt fan nautyske feiligens is it beslút (in oanwizingsbeslút) ûnfoldwaande motivearre. Yn de sône wêryn’t hurdfarre tydlik tastien wurdt, binne ek oare rekreanten oanwêzich. De provinsje hie dêrom neffens de rjochtbank in boppegrins oan it tal flugge boaten yn dat gebiet stelle moatten.

De rjochtbank hat it oanwizingsbeslút ferneatige. Deputearre Avine Fokkens-Kelder reagearret teloarsteld. “Wij waren van mening dat we goed hadden onderbouwd waarom deze pilot met snelvaren kon plaatsvinden. Maar de rechtbank ziet het anders.’’

De provinsje beriedt har no op een mooglik ferfolch. Fokkens-Kelder wiist derop dat it ferneatige oanwizingsbeslút allinnich foar de jierren 2019 en 2020 jildich wie. As de provinsje hurdfarre op de Burgumer Mar yn de takomst mooglik meitsje wolle soe, is dêrfoar hoe dan ek in nij beslút nedich.

Pagina opties