Hurdfarre fan ’t jier taboe op ‘e Burgumer Mar

It hurdfarren op ‘e Burgumer Mar is yn 2019 net mear tastien, sa hat de rjochtbank fan ‘e middei besletten.

Goed in wike lyn lei de provinsje de proef op lêst fan de rjochter al stil. Mei dizze útspraak bliuwe de giele boeien dy’t it gebiet markearje fan ’t jier oan ‘e wâl.

,,Dat it hurdfarren fan ’t jier net mear mooglik is, is benammen spitich foar de minsken dy’t dêr om frege hawwe en der krekt yn de fakânsje gebrûk fan meitsje woene. It is foar ús ek teloarstellend. Wy sille no besjen hoe’t wy it takom jier dochs mooglik meitsje kinne’’, neffens deputearre Avine Fokkens.

Natuer- en lânskipsferiening de Wâlden, de Marren tsjinne in berop tsjin it hurdfarren yn, ynklusyf in fersyk om in foarriedige foarsjenning. De rjochter oardiele hjoed dat it hurdfarren foarearst net mear tastien is. De mooglik ferstoaring fan de natoer is mei oanlieding west om ta dizze útspraak te kommen.

De útspraak fan hjoed jout noch gjin dúdlikens oer it eksperimint yn 2020. De ferwachting is dat de rjochter dêr nei de simmer útspraak oer docht. Ôfhinklik fan dy útspraak besjocht de provinsje hoe’t de proef yn 2020 in goed ferfolch krije kin.

Begjin juny hat de provinsje in part fan ‘e Burgumer Mar oanwiisd as hurdfargebiet om in proef dwaan te kinnen. It doel wie om twa jier lang fan 15 juny oant en mei 15 septimber it hurdfarren ta te stean. Sa woe de provinsje ûndersykje wat it effekt op de omkriten en de natuer is.

Foto van gele boeien op elkaar gestapeld.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.