Harns en de provinsje Fryslân lizze basis foar gearwurking

De gemeente Harns en de provinsje wurkje de kommende jierren gear oan projekten dy’t de havenstêd nei in heger plan tille en de ekonomy fersterkje. Se ha hjirfoar it Programma Harlingen fêststeld.

Plannen wurde mienskiplik en yntegraal oppakt, útwurke en nei beslútfoarming útfierd.

It giet om it ferbetterjen fan de fearboatlogistyk, it opknappen en ferfangen fan de Tsjerk Hiddesslúsen en it ûntwikkeljen fan it Westerzeedijkgebied. De winsk foar in see-swimbad en de ûntwikkeling fan de Nieuwe Willemshaven wurdt fierder útwurke. Nije initiativen kinne taheakke wurde. De finansiering makket diel út fan de mienskiplike opjêfte. Hjirfoar wurdt sjoen nei de mogelijkheden binnen it Investeringskader Waddengebied, it Waddenfonds en wêr mooglik private ynfestearrings.

Wethâlder Paul Schoute is bliid: ‘’Harlingen heeft op dit moment vele ambities. Een goede samenwerking met de provincie is hierbij van onschatbare waarde. Het college van Harlingen is blij dat we eensgezind met de provincie optrekken in deze en andere projecten’’.

Deputearre Klaas Kielstra sjocht kânsen foar de ekonomy en leefberens; “Door projecten aan elkaar te koppelen, en de afstemming en samenwerking intensiever te maken kunnen we betere resultaten behalen. Samen met de gemeente geven we een impuls aan de regionale economie en de leefbaarheid van Harlingen.” 

Fries Programma Waddenkust

Programma Harlingen is ûnderdiel fan it Fries Waddenkust. Lâns de kust spylje tema’s as leefberens & krimp, lânbou & fersâlting, wetterfeiligens & klimaat en rekreaasje & toerisme. Ynwenners bedriuwen, maatskiplike organisaasjes en oerheden gean hjir de kommende jierren mei oan de slach. Doel fan it Programma Waddenkust is om besteande en takomstihe inisjativen fierder te bringen en te ferbinen om sa ta in integrale, gebiedsgerjochte oanpak te kommen.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.