Gjin ekstra belesting foar frachtweinen autodyk Ljouwert-Harns

Frachtweinen hoege fan 2023 ôf gjin heffing te beteljen foar harren ritten oer de A31 tusken Ljouwert en Harns. De mienskiplike lobby fan de provinsje Fryslân en de gemeenten is dêrmei slagge. Dat foarkomt mooglik slûpferkear fan 400 ekstra frachtweinen deis op de N359 tusken Boalsert en Ljouwert.

Hjoed liet de minister witte dat de A31 tusken Ljouwert en Harns fan 2023 ôf net mei in frachtweinheffing belêste wurdt. Kabinet Rutte III wol fan 2023 ôf op alle autodiken (A-wegen) in frachtweinheffing ynfiere. Alle binnen- en bûtenlânske frachtweinen moat in ekstra belesting de riden kilometer autodyk betelje, mei de namme ‘frachtweinheffing’. De eangst by de provinsjale en gemeentlike weibehearders wie, dat sjauffeurs in sa goedkeap mooglike rûte sykje en dêrtroch mear oer de provinsjale en gemeentlike diken ride soene mei kâns op oerlêst en mear ferkearsûnfeilichheid troch slûpferkear fan frachtweinen.

Overzicht kaart wegen vrachtwagenheffing

By de ynfiering fan de frachtweinheffing op de A31 tusken Ljouwert en Harns soe it tal frachtweinen op de N359 tusken Boalsert en Ljouwert mei 400 deis omheech gean. Omdat trochgeand frachtferkear safolle mooglik op de autodiken thús heart en de A31 net paste by de stelde ramten fan it ministearje, setten de provinsje Fryslân en gemeenten in lobby yn om de A31 net yn it netwurk op te nimmen.

Ek de provinsjale en gemeentlike diken yn Fryslân bliuwe frij fan frachtweinheffing.

Wol falle de A6, A7 en A32 ûnder de frachtweinheffing. Dy diken liede neffens berekkenings net ta ekstra slûpferkear op it ûnderlizzende wegenet.

Pagina opties