Girlsday 2019 by De Centrale As

Dit bericht is niet meer actueel

Mar leafst 27 fammen fan Christelijke Mavo ‘De Saad’ út Damwâld hawwe hjoed technykles krige yn it ramt fan Girlsday. Sintraal yn de gastles en by de lokaasjebesite stiene: ‘hoe is it om as frou op de bou te wurkjen’ en ‘wêr moatte jo by de oanlis fan in nije wei, wat natuer en lânskip oanbelanget, rekken mei hâlde ’. Meiwurkers fan De Centrale As en Heijmans hawwe fan ‘e moarn útlis jûn. 

Fammen mei giele hesjes lústerje oandachtig nei de oannimmer

27 fammen fan Christelijke Mavo ‘De Saad’ út Damwâld hawwe hjoed technykles

Gastles op skoalle

De moarn is begûn mei in gastles op skoalle. Dêr mochten de fammen betinke wêr atsto rekken mei hâlde moast atsto in nije dyk oanleist. Fragen as:’Hoe kin in otter de nije dyk feilich oerstekke?’, ‘Wat binne hopovers en hoe sjogge dy der út?’ en ‘Wat is in paludukt?’ binne mei bylden beäntwurde. Dêrnei fertelde in meiwurkster fan Heijmans oer hoe’t it is om as frou op de bou te wurkjen én wat der oan tarieding nedich is by de bou fan in tunnel. Heijmans makket, yn opdracht fan De Centrale As, de fytstunnel en fytspaden by de Goddeloaze Singel.

Besite boulokaasje fytstunnel Goddeloaze Singel

Nei de gastles mochten de fammen, nei in koarte stop by it natuergebiet by De Falom, de boulokaasje besykje. As opdracht hawwe se foto’s fan it ynskowen fan de tunnel yn de goede folchoarder lein. By alle stappen koene se betinke wat dêr foar nedich wie.

Girlsday

Girlsday is in inisjatyf fan VHTO, Landelijk expertisebureau meisjes/vrouwen en bèta/ techniek, om yn gearwurking mei bedriuwen en skoallen fammen yn ‘e kunde komme te litten mei bèta, technyk en ICT. Op Girlsday iepenje in protte bèta / technyske en ICT-bedriuwen en ûndersyksorganisaasjes de doarren foar famkes, dêr’t sy meidogge oan aktiviteiten dy’t spesjaal foar harren organisearre wurde.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.