Fryslân tsjinnet oanfraach foar opkeapregeling stikstof yn

Fryslân tsjinnet in oanfraach by it Ryk yn foar de ‘Regeling provinsjale oankeap feehâlderijen by natuergebieten’. Yn de earste omgong stelt it Ryk 7,5 miljoen euro beskikber foar de oankeap fan Fryske bedriuwen mei in hege stikstofútstjit op Natura-2000 gebieten.

By in ynventarisaasje melden sân bedriuwen har dy’t oan de kritearia foar de oankeapregeling foldogge. Dêrmei ferwachtet de provinsje elkenien dy’t ynteresse hat én yn oanmerking komt yn byld te hawwen. Bedriuwen dy’t har noch net meld hawwe kinne dat noch oant 3 maart dwaan fia stikstof@fryslan.frl.

Omdat de Provinsje oan de Ryksregeling meidocht is it mooglik in tal Fryske feehâlderijen oan te keapjen mei it troch it Ryk beskikber stelde budzjet. Doel is de delslach fan stikstof op tichteby lizzende Natura-2000(N2000) gebieten struktureel te ferminderjen. Mei it beskikbere budzjet kinne yn de earste omgong, sa wurdt ferwachte, 3 à 4 bedriuwen útkocht wurde. Mooglik moat de provinsje by de oankeap fan bedriuwen prioritearje. Dat wurdt dien op basis fan de delslach fan it bedriuw dat de measte delslach op  de fjouwer N2000-gebieten feroarsaket. Dat binne de Bakkeveense Duinen, it Fochteloërveen, it Wynjeterper Skar en it Drents-Friese Wold. As der noch romte foar oankeap is, kin ek yn de omkriten fan oare N2000-gebieten oankocht wurde.

Meardere omgongen en regelingen

Foar de doelfêste opkeapregeling stelt it kabinet mei-inoar 350 miljoen euro oan provinsjes beskikber, 100 miljoen euro dêrfan yn de earste omgong. Foar it oankeapjen fan bedriuwen yn Fryslân is yn de earste omgong 7,5 miljoen euro beskikber. Nei de earste omgong stelt it Ryk nei alle gedachten fan ’t jier en yn 2022 nochris jild beskikber, sadat provinsjes bedriuwen oankeapje kinne. Dêrneist stelt it Ryk fan ’t jier ek noch in (frijwillige) stoppersregeling iepen; de lanlike beëinigingsregeling feehâlderijen. Foar dy regeling kinne melkfee-, barge- en plomfeehâlders harren meidertiid sels opjaan.

Natuerferbettering

As provinsjes yn guon gebieten mei doel feehâlderijen oankeapje, sakket yn dy gebieten de stikstofdeposysje. Dat is goed foar de natuer. It kabinet wol der mei ferskate maatregels foar soargje dat yn 2030 op syn minst de helte fan de natuer yn N2000-gebieten op in sûn stikstofnivo sit.

Fryske oanpak

Fryslân wurket oan in stikstofoanpak yn ‘e mande mei Fryske sektorpartijen út de lânbou, natuer, bou, mobiliteit, yndustry en mei-oerheden. De Fryske stikstofoanpak is in gebietsrjochte oanpak. Maatregels moatte liede ta it ferbetterjen fan de Fryske natuer en in strukturele ferleging fan de stikstofdelslach. Tagelyk moat it nije ekonomyske en maatskiplike aktiviteiten mooglik meitsje.

Pagina opties