Fryslân ferwachtet ek help Ryk foar kultuersektor

De kulturele sektor yn Fryslân kin 250.000 euro fan de provinsje temjitte sjen. Dy ekstra finansjele ympuls hat kultuerdeputearre Sietske Poepjes hjoed oankundige. Betingst is wol dat it Ryk ek jild beskikber stelt. Ek de Fryske gemeenten wolle de kulturele ynstellingen ûnder dy betingst stypje, lit Poepjes witte.

Poepjes trunet op help fan it Ryk oan om troch de koroanakrisis te kommen. Sy ferwachtet dat minister Van Engelshoven op koarte termyn dúdlikens jout. “Dat soe in moai gebear wêze”, seit de deputearre, dy’t yn ‘e mande mei de Fryske gemeenten ynvestearret om de Fryske ynstellingen oerein te hâlden.

Poepjes ferwachtet dat de minister by it takennen fan jild net útgiet fan ‘wa’t it earst yn ‘e roef komt hat kâns fan plak’. “It is wichtich dat der in evenredige ferdieling komt oer de poadia, musea en filmhuzen yn it hiele lân. Benammen yn de provinsjes bûten de Rânestêd hawwe de regionale poadia in wichtige funksje foar it yn stân hâlden fan de leefberens”, seit hja.

Benammen om dy reden lûkt de provinsje Fryslân sels de beurs om ynstellingen yn Fryslân te stypjen. “Wy wolle ús uterste bêst dwaan om se te behâlden. Dêr ha ik ek mei de oanbelangjende gemeenten in soad oerlis oer. Ek dy stelle jild beskikber. Dêr bin ik tige bliid mei. Mei-inoar binne wy sterk en kinne wy de Fryske kultuersektor troch de krisis helpe”, stelt Poepjes.

Poepjes hopet dat de minister fierder sjocht as har eigen ferantwurdlikens. “Ik realisearje my dat sy dan in ferantwurdlikens nimt dy’t sy yn prinsipe net hoecht te nimmen. Dat soe geweldich wêze.” De deputearre ropt op om net allinne nei de poadia, teäters en filmhuzen te sjen, mar ek nei bedriuwen dy't yn dy sektor wurkje, lykas lûdstechnisy en kameraminsken. “Ek sy hawwe it swier”, stelt hja. Poepjes wol ta beslút ek dat der omtinken is foar de gefolgen nei fan ‘t jier.

Pagina opties