Fryske Guozze-oanpak oant en mei 2023 ferlinge

De Fryske Guozze-oanpak wurdt oant en mei 2023 ferlinge. Dat útstel docht it kolleezje oan Provinsjale Steaten.

Ferlinging soarget derfoar dat de ferskerpe oanpak, dy’t yn 2017 yngie, mear tiid kriget om him te bewizen. Dêrneist is it mooglik om fan 2023 ôf ek it Europeeske guozzebelied yn de nije oanpak op te nimmen. Dat is takom jier noch net klear.

Oarspronklik rûn de guozze-oanpak fan 2014-2020. Dat soe betsjutte dat de provinsje al yn 2019 tariedings meitsje moat foar it ferfolch fan 2020 ôf. Mar yn 2017 kaam der nei in tuskenevaluaasje in ferskerpe oanpak. Om te beoardieljen oft dy oanskerpe oanpak wurket, is mear tiid nedich om meardere winterseizoenen mei inoar ferlykje te kinnen.

Ferlinging soarget derfoar dat de provinsje, boeren en jagers hieltyd better op de besteande oanpak ynspile reitsje. Dat komt de resultaten te’n goede. Boppedat liet de evaluaasje fan it winterseizoen 2017-2018 sjen dat de guozzeskea mei 24% sakke. De oanpak liket dêrmei te wurkjen en dat stipet it idee foar ferlinging.

Fryske Guozze-oanpak

De ferskerpe oanpak set oan ‘e iene kant yn op maatregels foar it ferminderjen fan skea oan it lân troch guozzen en oan ‘e oare kant op de beskerming fan guozzen, wêr’t dat moat. Yn de besteande oanpak binne der fan 1 novimber oant 1 april foerazjeargebieten (gebieten dêr’t de guozzen rêste en ite) fan krêft. De skeafergoeding yn in foerazjeargebiet is 100%, dêrbûten 80%. Dêrneist hawwe jagers, útgeande fan de foargeande oanpak bûten foerazjeargebieten, gâns mear mooglikheden om skea te bestriden. Mei dy maatregels moat de guozzeskea alle jierren mei 5-10% sakje.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.