Fryske Anjer 2020 foar Fryske band De Kast

De Fryske band De Kast kriget fan ’t jier de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân.

Kommissaris fan de Kening, ek foarsitter fan it Kultuerfûns Fryslân, drs. A.A.M. Brok rikt de priis op 9 desimber út op in offisjele gearkomste yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Op dy jûn wurdt ek de Talintpriis foar oanstoarmjend talint foar it earst útrikt. It publyk kin oant 23 septimber talintfolle popmuzikanten as kandidaat foardrage.

De muzikanten fan De Kast sette harren – mei lytse ûnderbrekkings – al mear as 30 jier yn foar de (Fryske) popmuzyk. Mar de sjuery beklammet dat De Kast net allinne in soad hits skoard hat, mar ek in wichtige bydrage levere hat oan it útdragen fan de Fryske taal en identiteit, lanlik likegoed as ynternasjonaal. Ek yndividueel ferfolje de leden in opfallende en belutsen rol yn de Fryske mienskip, op it mêd fan kultuer likegoed as fan natuer.

Sjonger frontman Syb van der Ploeg: “Wy binne tige bliid mei dizze priis yn ús jubileumjier en sjogge it as in bekroaning foar ús oeuvre en de spesjale projekten dy’t wy yn Fryslân en dêrbûten dien ha”.

Mei de Fryske Anjer eart it Kultuerfûns Fryslân alle jierren in persoan, feriening of ynstelling dy’t him/har fertsjinstlik makke hat foar de Fryske kultuer of natuer. De  priis bestiet út in spjelde, in oarkonde en in bedrach fan € 5.000. De spjelde is makke troch ûntwerper en edelsmid Theo van Halsema.

Talintpriis

Fan ’t jier wurdt foar it earst neist de Fryske Anjer ek in Talintpriis útrikt. De priis wurdt fan ’t jier yn gearwurking mei Friesland Pop takend oan in talintearre persoan of groep dy’t yn de popmuzyk in bysûndere, artistike prestaasje levere hat en de potinsje hat om in suksesfolle karriêre yn ‘e mjitte te gean. It publyk kin fia in e-mail oan frieseanjer@cultuurfonds.nl persoanen of groepen foardrage. By de foardracht moat in motivaasje meistjoerd wurde. Oanmelde kin oant en mei 23 septimber oansteande. It bestjoer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds kiest dêrnei op advys fan in sjuery de úteinlike winner. De winner wurdt op 9 desimber bekendmakke by de útrikking fan de Fryske Anjer en kriget € 1.500.

Oer it Prins Bernhard Cultuurfonds

It Prins Bernhard Cultuurfonds besiele pleitbesoarger fan kultuer, natuer en wittenskip yn Nederlân en dêrbûten. Mei finansjele bydragen, opdrachten, prizen en beurzen stimulearje wy bysûndere inisjativen en talint. As ynspirator fan hjoeddeistich mesenaat jouwe wy partikulieren, stichtingen en bedriuwen ûnôfhinklik en saakkundich advys oer filantropy. It Prins Bernhard Cultuurfonds hat tolve provinsjale ôfdielings, ien dêrfan is it Kultuerfûns Fryslân.

Pagina opties