Ferskate subsydzjeregelingen fia Streekwurk iepensteld

Dit bericht is niet meer actueel

Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 16 septimber 2019 ôf subsydzje by Streekwurk oanfreegje. Streekwurk koördinearret ferskate subsydzjeregelings, dy’t inisjativen út de mienskip stypje. Yn dizze subsydzjeperioade is hast 3,5 miljoen euro foar hiel Fryslân beskikber.

Fan ûnder op

In wichtich útgongspunt is, dat ynwenners sels útmeitsje wat wichtich is foar de leefberens yn harren gebiet en ek de projekten opsette. Doel is om by te dragen oan lokale ynnovaasje, de leefberens te befoarderjen en de wurkgelegenheid en oanlûkingskrêft te stimulearjen.

Streekwurk is in gearwurking tusken provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en de Fryske gemeenten. By de fiif projektburo’s, ferspraat oer de provinsje, kinne inisjatyfnimmers foar ynformaasje, stipe en antwurd op harren fragen telâne. Mear ynformaasje is te finen op www.streekwurk.frl

Subsydzjeregelingen op maat

Foar inisjativen yn hiel Fryslân is subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns (IMF) beskikber. Yn de regio’s Noardeast en Noardwest is dêrneist subsydzje út de Europeeske regeling LEADER beskikber. Foar projekten yn it Waadgebiet jildt de regeling Budget Lokale Innovatie (BLI). Oanfragen foar IMF moatte uterlik 11 oktober ynkommen wêze, foar LEADER kin dat oant en mei 25 oktober, foar BLI is 13 desimber de lêste dei.

Pagina opties