Fergunningferliening foar in part wer fan start

De tolve provinsjes hawwe nije beliedsregels fêststeld foar it ferlienen fan fergunningen op grûn fan de Wet natuerbeskerming. Fan 11 oktober 2019 ôf kinne der wer fergunningen ferliend wurde. Tastimming foar stikstof relatearre aktiviteiten wurde wer mooglik, salang as de aktiviteiten net liede ta in nije stiging en yn folle gefallen feitlik ta in delgong fan stikstofbelêsting.

Kearn fan de nije regels is dat troch it weifallen fan it earder Programma Aanpak Stikstof no foarôf oantoand moat wurde dat emisje en deposysje mei wissichheid ôfnimt of net stiicht.

Earst needwet nedich

Deputearre Johannes Kramer: “Wy wolle wer fierder kinne mei Fryslân en dêrom dúdlikheid skeppe foar ús ynwenners hoe as wy mei it stikstofprobleem om gean wolle. Dit is in earste stap. Hjirmei kinne bedriuwen dy’t dêrta mooglikheden hawwe, fergunningen krije as dat soarget foar minder stikstof. Dizze nije regels jilde noch net foar boeren dy’t ekstern saldearje wolle (stikstofromte keapje fan in oare boer). Dy moatte wachtsje op de needwet foar de agraryske sektor dy’t it kabinet freed oankundige hat. It is saak dat hjir sa gau as mooglik foar ús boeren dúdlikheid oer komt.”

Boarnemaatregels en gebietsrjochte oanpak

Yn oanfolling op de beliedsregels binne de provinsjes foar nije aktiviteiten (beheinde) útstjit yn oerlis mei it Ryk oer it nimmen fan boarnemaatregels. It Kabinet hat dêrnjonken de provinsjes in regyrol tadield foar in gebietsrjochte oanpak fan de stikstofproblematyk. Oer de fierdere ynfolling fan in gebietsrjochte oanpak fan stikstof en de dêrfoar nedige middels binne de provinsjes yn oerlis mei it Kabinet.

Oer fergunningferliening:

De nije beliedsregels foar it ferlienen fan fergunningen liede ta ôfnimmende stikstofútstjit troch yntern en ekstern saldearje. Gearfetten betsjut dat:

  • Inisjatyfnimmers dy’t oantoane kinne dat se per saldo gjin stikstof útstjitte of oantoane kinne dat dit gjin signifikante effekten hat op Natura 2000 gebieten kinne ek wer fergund wurde. Dit kin troch de útstjit te beheinen mei skjinnere techniken of troch in beheinde stiging fan de emisje te saldearjen mei in folle gruttere delgong fan in oare boarne; it ekstern saldearjen.
  • Dy projekten dy’t wol effekt hawwe soene op de natuer kinne as se fan grut maatskiplik belang binne en der gjin alternativen binne, gebrûk meitsje fan de ADC-toets en de effekten kompensearje.

Pagina opties