Feestmoanne Steatejacht mei Friso-lieten, floatskou en jubileumfiering

It Steatejacht Friso is dizze moanne 65 jier lyn oerdroegen oan de provinsje Fryslân. Om dit te fieren, is der op 20 maaie op it Provinsjehûs in offisjele gearkomste mei de boerkommisje,  dêr 't de organisaasjes yn fertsjintwurdige binne dy 't it skip op 20 maaie 1954 oan de provinsje joegen. Ek binne dizze moanne de spesjaal makke Friso-lieten foar it earst te hearren.

Boat fan hout syljend yn iepn wetter mei op de eftergrûn in rige beammen oan de hoarizon

Steatejacht Friso

Op 25 maaie is der yn Grou in bysûndere floatskou mei rûn- en platboaiems, nei de jiergearkomste fan de Keninklike Sylferiening Oostergoo. Yn ’e mande mei de middenstân wie Oostergoo de skinker fan de Friso oan de provinsje. Se woene dat it provinsjebestjoer de boeier as lobbymiddel brûkte yn it belang fan Fryslân en de Fryske ekonomy. It kolleezje fan Deputearre Steaten libbet dat útgongspunt noch altyd trou nei.

Foarôfgeand oan de floatskou fynt it Iepen Frysk kampioenskip Klompkesilen yn Grou plak, ta eare fan it jubilearjende Steatejacht. Foar en nei de floatskou binne der optredens fan ûnder oaren Elske DeWall.

Op 15 en 16 maaie is it Steatejacht dit jier oanwêzich by de Harlingen-Terschelling Race. Dêr is foar de alderearste kear in Friso-liet te hearren, makke troch Jurjen van der Meer en Nanne Kalma.

Letter yn it jier binne der noch mear aktiviteiten. Sa is it de bedoeling dat de Friso meidocht oan de hurdsyldei op de Snitswike. Ek stekt de boeier de Iselmar en Waadsee oer, as it waar it talit.

Yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits is oant 1 septimber in útstalling te sjen dy ’t spesjaal wijd is oan de skiednis fan it Steatejacht.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.