Fairtrade wint terrein yn Fryslân

Omtrint 80% fan alle Friezen, mear as 500.000 minsken, wennet yn in Fairtrade gemeente. 12 fan de 18 gemeenten fiere it Fairtrade sertificaat. Dat docht bliken út in rapport fan Stifting Fairtrade Gemeente Nederlân. Fryslân mei him op basis fan dat rapport wer twa jier lang Fairtrade provinsje neame. It bestjoer fan de stifting priizget benammen de ynset fan it provinsjale kearnteam dat Fairtrade yn Fryslân befoarderet.

Njonken de 12 Fairtrade gemeenten binne der trije gemeenten dy’t hast Fairtrade binne. Dy binne dwaande om oan de kritearia te foldwaan. Sy moatte bygelyks Fairtrade stimulearje, sels Fairtrade dwaande wêze en har ynset hjirfoar útdrage. De Stifting fynt dat de provinsje dat goed docht. De provinsje stipet it kearnteam, servearret sels Fairtrade produkten yn it provinsjehûs en bringt har belied ûnder de oandacht fan ynwenners en media.

Deputearre Michiel Schrier is grutsk mei de ferlinging fan de titel: “Fairtrade zorgt ervoor dat mensen zich bewust worden van wat ze kopen. Milieubewust handelen met aandacht voor omstandigheden waarin producten worden gemaakt en vervoerd is belangrijk voor de toekomst van onze kinderen. Samen de wereld een stukje beter maken.”

Global Goals

Mei de satus yn ‘e bûse wol de provinsje him no ynsette foar de global goals, ek wol Sustainable Development Goals (SDG’s); in rige doelen rjochte op bestriding fan earmoed, ûngelikens en klimaatferoaring. Dat docht de provinsje mei in grut tal maatskiplike organisaasjes. Sy foarmje it SDG Netwurk Fryslân.

Moarn is der in kongres oer de Sustainable Development Goals by it Fryslân Kolleezje yn Hearrenfean. Mear ynformaasje dêroer stiet op www.sdgnetwurk.frl/sdgcongres.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.