Elmo Vermijs wint Vredeman de Vries Priis foar Foarmjouwing 2019

Elmo Vermijs fan Studio Elmo Vermijs wint de provinsjale designpriis mei it ûntwerp Gegrond. In projekt oer de Skylger polder yn opdracht fan it Oeral festival en Vogelbescherming Nederland.

Deputearre Sietske Poepjes rikte hjoed de priis fan € 5000 út. It ûntwerp fan Louise Cohen krige in earfolle fermelding fan de advyskommisje foar it ûntwerp Upcycle Collection, in gearwurking mei Recylce Boulevard Omrin. De ynstjoering ûntfangt dêr €500 foar.

Gegrond is de titel foar twa wurken Geluidsspiegel en Perspectief fan it Oerol Festival yn 2018 oer de Skylger polder. Elmo Vermijs ûndersocht mei de greidefûgels as graadmjitter it wolwêzen fan it iuwenâlde kultuerlânskip dat ûnder druk stiet. It resultearre yn in lûdsspegel en in tentoanstelling foar 7.500 besikers. Dêr by stie de fraach sintraal: wat is de takomst fan de Skylger polder en harren brûkers?

Untdekking en ûnderfining

De advyskommisje kende de priis ta oan Elmo Vermijs omdat hy yn dit wurk mei mear lagen frijwol alle fasetten fan it polderlibben gearfoege ta in learsume, komplekse ûnderfining dy’t de sinnen priket. Troch ferskate sintúchlike waarnimmingen wurde besikers meinommen yn in reis nei ferskate ferhalen. Wat in ûntdekking en ûnderfining sil dat foar de Oerol festivalgongers west hawwe, sa seit it rapport fan de advyskommisje.

De advyskommisje bestie fan ‘t jier út Frederiek Bennema, Anne van der Zwaag, Hugo Engwerda, Peter Joore en Lambert Kamps.

Publykspriis

It ûntwerp ‘Streken’ hat de Leeuwarder Courant publykspriis wûn. Marc van Vliet krige de priis foar in hûndert meter lange houten steigerkonstruksje yn it Waad dy’t yn 2015 op Oerol te sjen wie. Dit ‘getijdenkunstwerk’ is ûnderdiel fan Sense of Place.

Mei de Vredeman de Vries Priis foar Foarmjouwing wol de provinsje in ympuls jaan oan de belangstelling foar foarmjouwing yn Fryslân. Mear ynformaasje en byldmateriaal fan de winner en de nominearren is te finen op: www.vormgevingsprijs.frl.

Pagina opties