Duorsume produksje fan suvelprodukten op de Waadeilannen

Op Skylge, it Amelân en Skiermûntseach kinne suvelprodukten duorsum ferwurke wurde. Dat is de útkomst fan in ûndersyk nei de helberens dêrfan, dy’t troch hegeskoalle Van Hall Larenstein útfierd is yn opdracht fan trije ûndernimmers fan de eilannen en de provinsje Fryslân.

Deputearre Sander de Rouwe: “Dat ûndersyk past hiel goed yn ús ambysjes om ek ús eilannen mear sirkulêr te meitsjen. It lit sjen dat sirkulêre ekonomy net allinne mar oer it op ‘en nij brûken fan grûnstoffen giet, mar dat it ek kânsen biedt foar nije fertsjinmodellen.”

Een kaasboer met een nog niet rijpe kaas op de arm en een stelling met meer onrijpe kazen op de achtergrond

De bedoeling is om mear molke op de eilannen ta tsiis te ferwurkjen. Sa is der minder transport fan molke nei de fêste wâl. By it meitsjen fan tsiis ûntstiet tsiiswaai as restprodukt. Van Hall Larenstein hat ûndersocht wat de mooglikheden binne om de waai ta nije produkten te ferwurkjen. Op basis fan in senario-analyzemodel die bliken dat it ferwurkjen fan de weardefolle aaiwiten út de tsiiswaai ta ricotta en iis it meast kânsryk is.

Sa hast minder transportkosten, in koartere produksjestring en in grutter oanbod fan streekprodukten op de eilannen. De ûndernimmers op de eilannen sille by it útwurkjen fan dat senario stypje.

Pagina opties