Dei fan de Bou by de N381

Altyd al ris yn in nije ûndertrochgong en efter bouhekken stean wollen? Sneon 15 juny is dy unike mooglikheid der op ‘e ‘Dei fan de Bou’ by ’t West yn Donkerbroek. Kom del op dy iepen dei en sjoch it fakmanskip fan tichteby.

Boulokaasje tunnelbak 't West yn Donkerbroek

Oannimmer Heijmans B.V. is drok dwaande mei de ferdûbeling fan de N381 tusken Donkerbroek en Easterwâlde. Ien fan de grutste  karweien is de bou fan de twadde tunnelbak by ’t West yn Donkerbroek. Spesjaal foar de Dei fan de Bou stelt de oannimmer de boulokaasje iepen foar publyk en binne der rûnliedings. It is ynteressant en ferdivedearjend foar elk, fan jong oant âld.

Lokaasje ’t West

By it eveneminteterrein foar it Witte Huis yn Donkerbroek oer kin parkearre wurde. De iepen dei is fan 10.00 oant 16.00 oere en is fergees tagonklik. De boulokaasje is ek foar minderfaliden goed berikber. Bern kinne skatgrave en der is in springkessen.

Projekt N381

De N381 tusken Drachten en de Drintske grins is oanpast nei in feilige dyk mei krusings op ûngelikense hichte en soarget foar in bettere berikberens fan de regio. De ferdûbeling fan de N381 tusken Donkerbroek en Easterwâlde moat healwei 2020 klear wêze.

Mear ynformaasje oer de Dei fan de Bou: www.dagvandebouw.nl

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.