Deadehoeketraining foar skoalbern Dronryp

Hjoed organisearren Oosterhof Holman en provinsje Fryslân in dei oer ferkearsfeilichheid yn Dronryp. By de ferfanging fan de brêge oer it Van Harinxmakanaal stiet ferkearsfeilichheid foarop.

Giele frachtwein fan it ROF mei skoalbern

De giele Frachtwein fan it ROF foar deadehoektraining

Dêrom geane frijwol alle transporten foar de brêge oer it wetter yn stee fan oer de dyk.

Sa’n 90 bern fan de trije basisskoallen yn Dronryp diene mei oan spesjale ferkearsfeilichheidslessen, fasilitearre troch Chauffeursvereniging Friesland. Sy beskikke oer trije frachtweinen dy’t dêr spesjaal foar ynrjochte binne. Yn de frachtwein beseagen de bern films oer ferkearsfeilichheid. Nei de film giene de bern nei bûten om mei in kamera sels de deade hoeke te ûnderfinen. Wêr sjochst my noch wol en wêr sjochst my net mear?

Hoe boust in brêge yn fjouwer dagen?

Nei de lessen yn de frachtwein krigen de bern útlis fan Oosterhof Holman hoe’t de nije brêge boud wurdt. Yn Dronryp wurdt in ynnovatyf bouproses tapast, wêrby’t de stielen brêge yn de fabryk boud wurdt. De brêge wurdt om ende by 9 maaie e.k. yn losse ûnderdielen nei Dronryp fearn en yn fjouwer dagen yninoar set. Nei ferwachting rydt it ferkear mids juny oer de nije brêge.

Projekt Ferfanging Brêge Dronryp

De brêge oer it Van Harinxmakanaal wie goed 75 jier âld en wie der min oan ta. Oannimmer Oosterhof Holman ferfangt de brêge yn opdracht fan provinsje Fryslân.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.